It Heech 1

Te Wetsens, op it Heech 1, wennet Pieter v.d. Meulen. It Heech is dúdlik in terp mei earder twa pleatsen, dêr ‘t fan ien de skuorre noch stiet, en fierders twa losse huzen. Dizze steane op in hege rech of kwelderwâl, dy’t fanôf Ealsum oer Wetsens en sa oer Nijewier de de Griente fierder rint.
Aldere kaarten , lykas dy fan Schotanus, neame it Heech ‘Lutkewier’. Yn it Frysk is dat ‘Lytse Wier’. Sa tusken 1970 en 1980 is der in nij hûs bout wurden op it Heech foar rekken fan Pieter v.d. Meulen. Dêrfoar stie der in hûs wer ‘t dúdlik te sjen wie, dat it in foarein wie fan in eardere pleats. Dizze keamers en de gong derfan wiene betegele mei wite en blauwe tegels en ek prachtige tabeau’s fan hynders, kij en skiep. Dizze tegeltsjes binne allegearre fuorthelle.
Hiel lang is it hûs yn twaen bewenne wurden, neidat de skuorre der efter wei brutsen is. Neffens Pieter sieten der muorreankers yn fan 1813. Undersyk wiist út dat dit plak en de pleats mooglik noch wol earder in lange en rike histoarje hawwe moat.
Yn de floreen kohieren fanôf 1640 is der al sprake fan in pleats nu. 3, groot 85 pondematen, geheten ‘Klein of Clein Jaerla’. Dit dan yn ûnderskiet mei ‘Groot Jaerla’. Mooglik wie dat dan de pleats, dy ‘t yn 1970 ôfbrutsen is, it lêst bewenne troch Sake Pieters Sijtsma. Dêr is fan bekind dat der earder in grut spul stien hat mei in brede grêft rûnom. Neamd nei de Jaerla Stins, dy’t yn de midsieuwen deun oan’e âlde Peasens stien hat, en wer de plattegrûn fan it Stinsterrein op ‘e kadastrale kaart fan 1833 noch dúdlik oanjûn is. Ek it Jellegat, de Jaerlasloot, hat de namme te tankjen oan de ealman Minne fan Jaerla, en ek de Grietmanslannen deroan, binne hjir nei ferneamd. Sjoen de kadastrale nûmers kin it hast net oars wêze dat mei de pleats op it Heech ‘Clein Jaerla’ bedoeld wurd. Of se ha troch de tiid hinne de nammen trochelkoar helle.
Fanôf 1640 oant 1798 steane de adlike famyljes Burmania en Wilco Holdingha baron thoe Swartsenbergh te boek as eigners, wylst Reinier Mames en Wybren Hendriks hierder (meijers)binne. Oant 1810 is der hieltyd sprake fan in pleats, Klein Jaerla, groot 84 pondematen, ten oosten Groot Jaerla, ten zuiden Thijs Feenstra of in oare bewenner, ten westen de Peasumervaart en ten noorden de Jaerlasloot. Dan, yn 1828 is der sprake fan in pleats,miskien nij boud yn 1813,dy ‘t in lânbesit hie fan 90 bunder en 83 kante roeden,omtrint 270 pounsmiet lân. Dat wie in soad yn dy tiid. Eigners bewenners binne de famyljes Former Thomas Wiersma, dy’t meardere pleatsen op Wetsens yn harren besit hiene. Sjoen it oantal bunders lân moat it in grut spul west hawwe. Nynke Siccema hat noch wol fertelt dat de manlju mei sulveren gespen op ‘e skuon rûnen. It wie ek noch fan út har famylje, sa hat se ús earder fertelt. Wy komme oant 1878 de nammen fan ferskate Wiersma’s tsjin, lykas Former Thomas, Willem Former Thomas en Former Klazes, en wer letter yn 1978 in dochter Aaltje Wiersma, dy’t de frou wie fan Jacob Sjolles Sinia, dy’t oant 1902 de beide eigners binne. Yn dy tiid is it measte lân der by wei rekke, om’t troch ferervings it hiele spul mei it lân, alle kanten út gien is. Der lei ek in soad lân oer it set, de brêge oer de Nijewierster opfeart. De grutte skuorre is der begjin 1900 efterwei brutsen, wylst Lolke Pieter v.d. Meulen de nij hierder waard. Hy wie molkfarder op ‘e Hantumer Utbuorren,en ried op it molkfabryk Betterwird te Dokkum. De foarein fan de eardere pleats is op it meast troch trije húshâldings bewenne west. Dan yn 1951 keapet Jacob Lolkes v.d. Meulen it perseel fan Trijntje Jacobs Sinia, dy’t troud wie mei Jan Eelkes Krol, ûnderwizer te Dokkum it hûs M6, mei it hiem, wer as dan sprake is fan in ‘hûs mei hok en erf, en omliggend bouw en weiland aan de weg van Niawier naar Hantum, onder Wetsens’. Dy wei rûn doe noch by Auke Nutma lâns en is yn 1970 tichtgien. De ferskate perseelnûmers jouwe oan, hoe’t de sitewaasje foarhinne wie. ‘Perceel 536 is al vanouds bevoorrecht met reed en drift over het ten Noorden aangrenzende pperceel 537, over en naar de weg naar Niawier en Hantum’. De legere nûmers jouwe de grêft oan dy ‘t noch foar in grut part bestiet en ek it rjocht fan reed, dat no oan de twadde pleats op it Heech ferliend waard. Earder hiene se harren paad nei de hjoeddeiske Grytmanswei ta, wer’t hiel lang in wite hikke foar de daam stie. Dizze pleats, earst bewenne troch Jacob Jippes Wijbenga en letter syn soan Jippe Wijbenga is yn 1915 op ‘e nij opboud, mei de foarein krekt oarsom as in stjelpmodel. Jacob v.d. Meulem hat mei syn broer L.F. v.d. Meulen, mei in hiele koarte ûnderbrekking, nei it molkfarren lange tiid it Heech as basis hân wêr’t se mei in frachtauto molkritten fersoargen, ek nei it molkfabryk te Ljussens. As Jacob syn soan, Pieter v.d. Meulen de nije eigner wurdt is de hjoeddeiske wenning der boud. In hûs op in plak mei in lange rike histoarje. Dêr’t al ieuwen lang bewenning west hat, wêrfan wy yn’t koart ferhaal dien hawwe. Alle nammen fan eigners en bewenners binne nei te gean, mar soe yn it ramt fan dit ferhaal, te lang wurde.

Jan Walda

Copyright © Jan Walda

Bron: Publicatie in “Doarpskrante fan Nijewier – Wetsens”

It Heech