De Knypepleats

Oan ‘e Miedwei 2 wenje Paulus en Ynske  Havinga-Bekker. Sy binne yn 1987 troud en doe dêr kaam te wenjen. Harren fjouwer bern Anny 11 jier, Frietsen 9, Jan Freerk 6 en Willem 4 jier binne hjir ek berne. It hûs, dat op in wen-terp stiet, wie earder al ieuwenlang in wensté  mei in grutte pleats derop. De namme ‘de Knypepleats’ wurdt al ieuwenlang neamd. Ek wol wurdt er ‘Op de Knippe’ neamd of ‘de Knipe’. Yn hoefier it in relaasje hat mei it spul oan ‘e wei, it saneamde ‘koffiehûs’ en ‘skieppehûs’ en ‘herberch it bonte Peerdje’, dat ek op de Knippe hiet, as pleats nummer 6, is op dit stuit minder goed nei te gean. De Knypepleats, wer as it hjir oer giet wie pleats nummer 7. Mooglik dat de namme wat te meitsjen hat mei knippige grûn yn ‘e Mieden.’Taaie, kalkarme grond’ kin in betsjutting wêze.Yn 1640 binne raadsheer Jongstal en Gosse Ornia eigners fan de pleats dy’t 371/2 pm. grut is en bewenne wurdt troch Pyter Geerts. Om 1700 hinne is Jonkheer van Gosliga eigner en binne Eds Meylis en Pijl Fransen de bewenners fan ‘e pleats, dy’t dan 63 pm. lân hat.’Ten Oosten de Olde Mear, ten Westen de Miedwegh en ten Noorden de Herewegh’, sa wurdt it omskreaun. Yn 1738 komme wy Generaal Jhr. J.G. van Burmania tsjin as eigner en is Eeltie Erenstes hierder en dat bliuwt sa oant 1738 ta as syn soan Jan Eeltjes de pleats bebuorket mei 83 pm. lân. Neidat Mefr. Goeddeus in skoftke eigeneresse west hat, is letter, oant 1838 ta Ulbe van Burmania de eigner mei as hierders Harm Wytzes, Harmen W. Miedema en Pieter Skeegstra.
Dan, yn 1838 is eigner-bewenner Sake Hendrik Sijtsma, fan Huis-schuur en hornleger kadastraal C 763. Ek komme wy de namme Edzard van Tjarda van Starkenborg Stachouwer tsjin dy’t boargemaster wie yn Wehe-de Hoorn yn Grinslân. Yn 1890 is eigner Willem Sakes Sijtsma ûnder Nijewier en Tsjalkje Pieters- Wed de Jong foar de helte en har fiif bern 1/10 diel. Yn dy tiid is er ek sprake fan fernijing, mooglik is de pleats op ‘e nij wer opboud. Dan komme wy yn 1908 Jan Douwes Douma tsjin as eigner-bewenner mei in lânbesit en gebrûk fan rom 37 ha. Jan Douwes Douma waard ek wol de poarte-boer neamd, wat te meitsjen hie mei it feit dat er fan 1902-1908 buorke hat op ‘e saneamde poartepleats op ‘e Nijhúster piip. Dizze Jan Douma, berne 26 maart 1871 yn Ie, soan fan Douwe Douma en Antje Sakes Sijtsma wie frijgesel en wat út oerlevering fertelt wurdt wie it in singelier en in bysûnder persoan. Neffens sizzen waard it jild troch de hiele pleats hinne bewarre. Sjoen it boelguod dat letter hâlden is gyng der hiel wat om op ‘e pleats. En in elk dy’t wat te keapjen of te ferkeapjen hie, die graach saken mei Jan poarteboer. Ferneamd wiene ek syn hynders, wat syn grutte leafde hie. It moat yn it lêst fan 1918 west ha dat Jan Douwes Douma in sykte oprûn, de saneamde klem, in baktearje fan in hynder wie de oarsaak fan syn ferstjerren.  Omdat Douma gjin rjochtstreekse erfgenamen hie, kaam it spul op buorden en waard der boelguod hâlden. Bygeande advertinsjes yn ‘e Dockumer Krante sprekke foar harsels, sa dat der foar de erfgenamen dy’t der wol wiene, yn ‘e twadde line, wol it ien en oar te ferpartsjen wie. Earst it boelguod en letter de húzinge mei landerijen. Sa waard Yme Osinga dy’t troud wie mei Saakje Leistra, yn 1921 boer op ‘e Knypepleats, dêr’t in 40 pm. lân by bleaun wie. Der wiene fiif bern, Klaas, Grietje, Janneke, Douwe en Durk.
De húzinge sil frij seker in grutte pleats west ha mei in protte romte. Troch de landerijen fan de Mieden wie yn 1905 ek it spoar oanlein. It halteplak wie krekt oer it âld mear, dan gie it earst nei Mitselwier en sa letter nei Anjum ta.
Mar yn 1923 kaam der brân op ‘e pleats en baarnde it spul alhiel ôf. In karakteristike pleats is doe wei wurden. Ek binne der weardefolle achtergevelstiennen weirekke. In âldere ynwenner fan Wetsens hat wolris fertelt dat it spul sa baarnde, dat jo yn Wetsens by nacht de krante lêze koene. De oarsaak bliuwt in dizich gefal. Kaam it fan de fjoerfonken fan de lêste trein? Wie it de tonger of heabroei? It is net dúdlik wurden mar it feit leit der. Yn 1925 is it oerbleaune part sloopt en is der in stjelp delset, wêrby ek in grut part fan ‘e grêft ticht makke is. Nei de fam. Ozinga, dy’t nei Wetsens ferhúzen, hat de famylje Johannes Bruning, feekeapman fan Nes der wenne, dy’t troud wie mei Katrine Marie Gerdez, ôfkomstich fan Kloosterburen, berne yn Heisser, Dútslân. De famylje Bruning wiene katolyk. Dan komme wy Jelle van Sinderen tsjin as hierder dy’t troud wie mei Trijntje D. Kootstra mei harren soan Dirk. As eigner stiet sûnt 1940 de famylje Baarda te boek. Yn 1940 buorket Eelke v/d Wagen op it spul, dy’t troud wie mei Wietske Teitsma. Hjir binne ek harren bern, Jappie, Germ, Jan, Gerke, Piet, Klaas en Doet berne. Oant 1952 ta hat de famylje v/d Wagen hjir wenne, doe is Theunis Baarda hjir begûn te buorkjen, dy’t troud is mei Maaike Pool. Ek omke en muoikesizzer Jelle wenne by harren. Frou v/d Wagen fertelde noch dat it somtiden net maklik wie om sûnder elektrysk ljocht en wetterlieding dêr te wenjen. Dan komt yn ‘e santiger jierren de ruilferkaveling yn ‘e Dongeradielen, en de Mieden is ien fan ‘e earste streken dy’t oanpakt wurdt. Ek al omdat it lân tige fersnipele wie, wat meikaam troch it útienfallen fan ‘e pleats yn 1919. De Havinga’s krigen in nije pleats achter yn ‘e Mieden en de Baarda’s ferkochten it spul en wenje sûnt dy tiid yn Boelensloane. Yn 1978 binne Nicolaas van Rijsbergen en M.E. Boor de eigners, dy’t it yn 1978 wer oerdienen oan Ico I. Dijkma. Dan yn 1979 keapet Karel van Leeuwen, dy’t troud is mei Maria Hendrike Jacobe Josefien Laagerman it spul. It hûs is praktysk al hiel fernijd en is in echte wenbuorkerij wurden. Mar troch feroaring fan wurk kaam it hûs fan de famylje van Leeuwen te keap. Paulus Havinga, dy’t mei syn broer Freerk yn in maatskip buorket, koe gjin tichter wenplak by syn wurk winskje en sa wenje Paulus en Ynske mei harren bern al wer 13 jier op in plak mei in lange en rike history.
Mei tank oan alle minsken dy’t sa reewillich wiene om ynformaasje te jaan.

Jan Walda

Copyright © Jan Walda

Bron: Publicatie in “Doarpskrante fan Nijewier – Wetsens”

Miedwei

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie