Argeologyske fynsten te Wetsens

 

Op in jûn fan it Argeologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy yn Ljouwert kamen wy te praten mei minsken dy’t yn ‘e omkriten fan Wetsens mei in metaaldetektor spullen yn ‘e grûn fûn hawwe. Dit wiene de bruorren Wiersma út Burgum. Jan Walda en Klaas Dijkstra ha in besite oan harren brocht. De bruorren Wiersma wiene sa freonlik harren sammele ‘skatten’ út  ‘e grûn sjen te litten. Wy mochten der sels in foto fan nimme, dy’t spitigernôch mislearre is. In topstik út de samling wie in munt út it Karolingysk tiidrek fan it jier 800-840. It wie in munt mei in Romeinske tempel derop mei it opskrift: Christian Ligio, Lodewijk de Vrome.
De munt wie slein troch Wygmann, in lienhear dêrwei. Tige nijsgjirrich wie ek it krúsbeslach fan in boek. En dan in fibula 8ste ieu. Dat is in mantelspjeld.
Dizze wie fan lead en tin, wer in oaren-ien wie in sulveren eksimplaar út de 17de ieu.
Der wie ek in geef eksimplaar fan it slútwurk fan in âlde bibel út 1600-1700. Hiel unyk wie in krusifiks út de 12de ieu en ek in puntebeskermer fan in swurd út de 9e of 10e ieu.
Ek aardich wat Ingelske penny’s en sterlingmunten binne fûn. Mooglik yn besit kommen troch de wolhannel, dy’t fan Fryslân út wei in bloeiperioade kinnen hat. Lêste fynst wie in penning út 1250-1260 mei it opskrift: Hendrik van Vianden. De beide hearen Wiersma  fernijden ús ek noch it bestean fan in stik lân yn é bocht fan it Jellegat, dêr’t noch ien of mear pottebakkersovens yn ‘e grûn sitte moatte. Mooglik is dit it stik lân dat yn ‘e Proklamaasjeboeken fan foar 1800 ‘it Pottebackesland’ neamd wurd.
Elk doarp hie faak wol in eigen ierdewurkfabryk yn ‘e midsieuwen.
Troch it ôfgraven fan ‘e Wetsumer terp is der in soart fan it boaiem argyf fuortrekke.

Wat no dan ek noch faak fûn wurdt op de landerijen, dêr is de terpierde oerhinne kroade.
De fynsten fan de hearen Wiersma jouwe wol oan dat de bewenning op en om de terp fan Wetsens der al hiel lang west hat. De bewizen, mei wat foar saken de minsken har klaaiden, dy’t se brûkten en hannel mei dienen, wurde befêstige mei dizze fynsten.
Wy jouwe it graach troch oan ús lêzers-doarpsgenoaten.
In gouden mantel spjelde,
fûn by in terpôfgraving.

 .

Jan Walda