Boekpresentatie Anders Minnes Wybenga, ”Yn eigen taal”.

Wanneer:
7 september 2018 @ 15:30 – 17:45
2018-09-07T15:30:00+02:00
2018-09-07T17:45:00+02:00

Bêste minsken,

Yn it ramt fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 hat de KFFB de Fryske boekeklub it folgjende projekt op poaten set: útjefte fan de biografy Yn eigen taal Dizze útjefte beskriuwt libben en wurk fan de Fryske dichter, skriuwer en taalstrider Anders Minnes Wybenga en is gearstald en opskreaun troch de Grinzer histoarikus Jan Minno Rozendal.

Wêrom is in biografy oer dizze man nijsgjirrich?
Hoewol՚t Wybenga in soad dien hat foar de Fryske taal, komt er der yn oersjoggen út dy tiid faak bekaaid ôf. De oarsaak dêrfan lei faaks yn it feit dat er as minder bejeftige sjoen waard om՚t er autodidakt wie, yn ferlyk mei mannen lykas E.B. Folkertsma, Douwe Kalma, Jan Piebenga en Fedde Schurer. Ut syn wurk docht lykwols bliken dat dêr gjin reden foar wie.

Benammen yn de Dongeradielen, dêr՚t Wybenga syn hiele libben wenne en wurke hat, wurdt er noch altyd tige wurdearre. Dat docht wol bliken út in wei dy՚t nei him neamd is, in stânbyld midden yn Nijewier, en in keunstwurk mei ien fan syn gedichten, dat yn it jier 2005 by de tsjerke fan Hantumhuzen pleatst waard.
In biografy, dêr՚t wy de man sa՚t er werklik wie, yn kennen leare, wie der noch net.

Hjirby wurde de ynwenners fan Nijewier en Wetsens útnûge foar it bywenjen fan de feestlike presintaasje fan Yn eigen taal.
De presintaasje is op 7 septimber o.s. yn Nij Sion
Programma: 15.30 – 16.00 ynrin
16.00 – 17.15 presintaasje, muzyk, deklamaasje
17.15 – 17.45 noflike gearsit/boeketafel

Wa՚t dit feestlik barren meimeitsje wol moat him foar 3 septimber efkes oanmelde.
Dat kin by de skriuwster fan de KFFB Mynke Hoekstra-Stiemsma, Siniastrjitte 6, 9134 NZ Ljussens, tel. 0519 320838, e-mail: boekeklub@kffb.nl
of by bestjoerslid Anders Rozendal, M. Bruningstraat 2, 9101 DM Dokkum, tel. 0519 321262,
e-mail: rozendal.boelens@gmail.nl”

0 antwoorden

Laat een reactie achter

Wilt u zich mengen in de discussie?
Voel u niet bezwaard om bij te dragen!
Wilt u zich mengen in de discussie?
Voel u niet bezwaard om bij te dragen!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

De volgende HTML-tags en -attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>