Ferfier mei de hûnekarre yn it begjin fan ‘e foarige ieu

 

It is al faker neamd dat der yn ‘e foarige ieu in protte saken feroare binne. De fyts en de auto kamen der bygelyks. Dat brocht ek mei dat der troch de komst fan fytsen, transportfytsen en bakfytsen, oare middels fan ferfier oan ‘e kant rekken, lykas de lûkhûnen mei de karren. It ferfier mei hynder en wein wie hiel gewoan en hast al sa âld as de wrâld is. Mar wat ek in middel fan ferfier wie, dat wiene de hûnekarren. Sjoerd Postma út Stiens, earder út Ie, docht ûndersyk nei it tal fergunnings dy’t ôfjûn binne yn de ferskate gemeenten yn Fryslân en dan ek noch per doarp. Foar Nijewier-Wetsens wiene dat in 18 tal fergunnings. In wet, dy’t yn 1911 fan kracht wurden wie, hold yn dat in eigner fan ‘een hondewagen’ ferplichte waard elk jier mei de hûn en de karre foar de keuring te kommen. Like dat goed, dan krigen se in nûmer mei in nûmerbewiis. It nûmer moast sichber op de karre oanbrocht wurde en it bewiis moast op fersyk toant wurde kinne. Mei safolle lûkhûnebesitters wie dat yn ús doarpen in libbene saak, dat kin men fan tinken wol hawwe. Meastentiids rûn der ien hûn foar de karre, somtiden twa der ûnder, bygelyks ûnder petroalje- of brijkarren. Der wiene ek karren, dêr’t twa hûnen yn it stokramt rûnen.

Wy ha besocht de fergunningshâlders, mei help fan Sjoerd Postma syn list út 1933, yn byld te krijen yn Nijewier, wat se by de ein hiene en wêr’t se wennen.

1. Reinder Postuma, gernier               Singel 35, no bewenne troch Durkje Wijma-Talsma
2. Willem Soepboer, gernier               Tsjerkepaed 9, no bewenne troch Jappie en Gryt de Vries
3. Klaas Kloostra, gernier                  Singel neist frou Steenstra
4. Geart Riekeltjes Braaksma              Linepaad, ôfbrutsen, no tún P. Tienstra
5. Jinne Meinema, winkelman             Linepaad 1, foarhinne Sip Bos. Namme fan ‘e hûn Mina
6. Berend de Vries, slachter               Tsjerkepaad 1, no Henk Meinema
7. Willem Hoeksma, keapman            Foarhinne wen-en winkelhûs Tjaltsje Hoeksma
8. Wiebe Westerhof, grienteman        A.D.strjitte, ôfbrutsen no A.W. de Vries
9. Bouwe Dijkma, boer                      Pleats Gerke Nutma, Grytmanswei
10. Sytse H. Talsma, gernier               Bornensisstrj. 2, no Johannes Scheepstra
11. Kornelis de Vries, gernier              Grutte Stege, ôfbrutsen, no tún Henk Meinema
12. Geert Sytses Talsma, gernier         Bornensisstrj. 13, no fam. Doornbos
13. Hendrik de Wind, gernier               A.D.strjitte dêr’t no 2×2 huzen steane
14. Marten Kloostra, keapman             Kampsteech dêr’t fam. B.Braaksma de garaazje ha
15. Daniël Harkema, bakker                 Siercksmawei 6, Eardere bakkerij Jan en Fo Walda
16. Gjalt Walda, bakker                       Siercksmawei 6, Eardere bakkerij Jan en Fo Walda
17. Tjipke Wijma, gernier                     Bornensisstrj. 3, no Jantje Wiersma-Holwerda
18. Fokke Miedema, winkelman           helte hûs A.D.strjitte, no Bean en Froukje Braaksma

 
Ek wolris trije, as der swiere frachten ferfierd wurde moasten. It gie somtiden ek hiel hurd. As skoallejonge doedestiids witte wy noch dat Ruurd Boonstra fan Eastrum mei twa hûnen foar de karre de dyk del davere. De meast geskikte hûn moat de Matin Belge west ha dy’t 45 á 50 kilo woech en dy’t mei gemak 300 kilo lûke koe. Hûnen waarden oeral wol foar ynset. Yn ‘e earste wrâldkriich 1914-1918 wiene der likernôch 1200 lûkhûnen yn it Nederlânske leger, dy’t by de ynfantery de swiere mitrailleurs en oare útrêsting ferpleatsten. In sekere kaptein Meier moast soargje, dat der genôch oanbod bleaun en ek út Fryslân waarden der hiel wat hûnen foardere. Yn ús doarpen waarden de hûnekarren almeast brûkt troch komelkers, gerniers en nearing dwaande minsken, lykas bakkers, slachters, keaplju, winkellju en petroaljesutelders. Mei nammen foar de lytse boeren wiene de hûnekarren in ûnmisber reau. Der wiene sels guon dy’t de hûnen op it boulân foar de eide hiene om de kluten fyn te krijen. Der wiene tichte karren, iepene karren en ek saneamde seaskes, dat wat in lúksere útfiering wie. Alle ferfier wie mooglik. Molkbussen, gers, hea, biten en al sa mear gie mei in hûne-taksy.

.

.

.

.

.

Jan Walda