De Siercksmawei

De Siercksmawei mei ck, dy rint fan it doarp Nijtsjerk troch Nijewier oan de hoeke fan de Singel ta, wêr’t dan de Grytmanswei begjint. Hoe komt men oan de namme Siercksmawei, freegje de minsken wolris. Yn 1973 binne de hjoeddeiske strjitnammen yn Nijewier en Wetsens offisjeel fêststeld en oanbrocht op de strjitnammebuordsjes. Omdat dat al wer in moai skoftsje lyn is wurde se troch de tiid allegearre nochris taljochte yn de doarpskranten. Hjoed dan de Siercksmawei, dy’t krekt as oare strjitnammen in relaasje hat mei it eardere kleaster Sion oan de Singel. Dit kleaster, dy’t yn it jier 1180 stift is, hat oant 1580 hjir west. Dus goed fjouwerhûndert jier lang. It kleaster krige yn dat jier besite fan de Wettergeuzen. Dit wiene saneamde ‘frijheidsstriders’ mar it doel wie it kleaster te oerfallen en leech te rôvjen en plunderjen. Want yn dy tiid wie de oarder en regel fier te sykjen en de Spaanske oerhearskers wiene op de weromtocht. Doe’t de grytman (hjoeddeis de boargemaster) Doede fan Siercksma te hearren krige dat de geuzen it kleaster oerfalle soenen, joech er opdracht oan alle doarpen om de tsjerkeklokken te lieden. Want by alle gefaar dat der drige, sa as by oerstreamings, wiene de tsjerkeklokken it kommunikaasjemiddel om inoar te helpen en by te stean. Neffens oerlevering kamen der in hiel soad minsken op ôf om te helpen en de oerfallers fuort te jeien en it kleaster te beskermjen. Frij seker hiene de kleasterlingen de ophelbrêge oer de grêft al omheech dien. Mar it hat wol holpen want de wettergeuzen setten ôf. Mar net lang dêrnei is it kleaster opheven, de landerijen binne ferkocht en de kleastergebouwen binne ôfbrutsen. De strjitnammekommisje hat yn 1970 foarsteld yn tankbere neitins en ek as fêstlizzen fan de skiednis de grytman Doede Siercksma te betinken yn dizze strjitnamme. Lykas sein, it kleaster sels is nei de reformaasje as betsjutting kaam te ferfallen. Spitich dat der sa’n bytsje bekend is hoe’t it der krekt útsjoen hat. Mooglik dat der nochris in plattegrûn te meitsjen is dat in plakje krije kin foar de oprit fan it kleaster. Wêr’t (de hove met het viercant, de gebouwen met de kloosterkapel en de grachten rondom, het poorgebouw en de ophaalbrug) op te sjen binne. Mei in koarte taljochting en beskriuwing lykas der ek op it fytsknooppunt-boerd stiet oan de Auck Doniastrjitte en de hoeke Terpstrjitte-Mearswei.

Siercksmawei – hoeke Bornensisstrjite

Sa’t wy alle dagen sjen kinne kriget it hûs oan ‘e Siercksmawei – hoeke Bornensisstrjitte in hiel nij en oar oansjen. Dave van Marion (25-11-’75) en syn partner Boukje Sijtsma
(29-06-’82) fan Ie meitsje der wat moais fan. It kriget de styl werom fan earder, op in opfallend plak yn ús doarp. Dit wie ek de reden dat wy besocht ha de skiednis fan it hûs en de eardere bewenners nei te gean en foar ‘t ljocht te heljen. De âldste gegevens dy’t oant no ta boppe tafel binne te krijen, jouwe oan dat op 12 july 1832 Trijntje Lieuwes Hoekstra, kasteleinse te Nijewier as eigeneresse te boek stie. Hoewol’t yn ‘e doarpsarmvoogdij rekkenboeken fan 1809 in post foarkomt ‘betaling verteringen aan de kozakken 17 stuivers aan Reitse Lieuwes’. De Russyske befrijers ha doe fêst oanstutsen yn ‘e doarpsherberch, doe’t de Frânske oerhearsker ferdreaun wie. Dat jout oan dat der doe al in herberch yn festige wie. It hat fansels altyd al in gaadlik plak west oan de trochgeande wei fan Dokkum, Nijtsjerk, Nes, Wierum en Peasens-Moddergat. Yn hoefier as der ek mooglikheden wiene om te oernachtsjen is net bekend, mar de âldste kadastrale yndieling jout fjouwer fertrekken oan. Oant 1853 is de Wed. Reitse Lieuwes Hoekstra eigeneresse. Dernei Johannes Gearts Braaksma, dy’t as eigener it spul trochferkeapet oan Johannes P. Jager, dêr’t perseelnûmer B.713 oanjûn wurd. Johannes Jager wie gardenier-kastelein en yn 1853 stiet dêr, dat der amotie, dat is ôfbraak er werbou plak fûn hat. Frij seker is it hûs op ‘e nij boud of alhiel nij mei de trochreed oan ‘e oare kant fan ‘e wei. Hjir sieten oan beide kanten twa grutte doarren yn, dêr’t de tilbury mei de hynders der samar út en yn ride koene. Ek yn 1860, troch in ferhaal yn ‘e Ljouwerter krante fan doe, waard ‘ de doorreed’ neamd, nammentlik by de fangst fan ‘e steur yn de Nijewierster feart. De steur wie noch inkele dagen te sjen yn in pream mei wetter, dy’t se yn ‘e trochreed brocht hiene. De opstoppe hûd fan ‘e steur hat dêr oant 1967 in plak hân en is no noch te sjen yn it gebou Nij Sion. Yn 1877 komme wy Douwe Gearts Siccema tsjin as lânbouwer-kasteleineigener fan de herberch mei trochreed en hy brûkte 5 ½ ha. oan landerijen. Wer letter is Douwe Kornelis Beintema, lânbouwer te Ingwierrum eigener, wylst Eneüs Siccema mei twa susters Grytje en Trijntje (Nynke) it bedriuw fuortsette. Der binne fêst hiel wat ferkeapings en gearkomsten west yn ‘e herberchseal. Ek as pleisterplak foar reizgjende minsken hie it in namme yn dy tiid. Dat wurdt yn inkele boeken ek neamd. Oant 1936 hat de famylje Siccema de herberch dreaun. Doe ha se foar har trijen in nij hûs sette litten dêr’t no Willem en Geertje Weidenaar wenje. Hjir hat Nynke Siccema oant 21 desimber 1967 wenne. Sy is 90 jier wurden. Hûs en trochreed waarden kocht troch de Gado-busmaatskippij te Hoogezand, dy’t yn Nijewier harren begjin- en einstasjon hiene foar harren bustsjinsten. Nanne Iedema en letter Piet Schriemer wiene, troch harren wenjen yn it hûs dêr’t de gelachkeamer wenromte wie, stasjonhâlders fan de busmaatskippij. Dit duorre oant it begjin fan ‘e oarloch fan 1940. Doe waard Johannes Jans Scheepstra hierder fan it hûs mei trochreed. De trochreed waard ferboud en waard in bedriuw mei ierappelhannel. Dan, yn 1943 keapet Theunis Jelsma, molkrider, en troud mei Antje Hamstra  de saak oer fan de Gado. Theunis Jelsma hat it kafee ek wer nij libben jûn, de gelachkeamer kaam werom mei de tapkast tsjin de eastmuorre mei 6 tafels en 40 stuollen. It kafee krige wer de namme ‘de Steur’. Dit hat net sa hiel lang duorre. Nei de oarloch kaam it autoferkear op gong en dermei hiene in protte doarpskafees harren funksje ferlern. Sa krige it hûs wer inkeld in wenbestimming. De molkriderij, nei it fabryk mei hynder en wein, gyng oer op molkbusferfier mei de auto. De trije soannen, Jelle, Jan en Wyb wiene alle trije yn it bedriuw. Dat gie letter oer yn fracht en kyperferfier. Jelle Jelsma, dy’t troud wie mei Antje Monsma, hat noch oant 1994 it bedriuw hân. Doe waard er 65 jier. It hûs is doe ferkocht oan Syb en Folkje van Spijker, wylst de loads, dy’t yn 1977 yn it plak kaam fan ‘e trochreed, ferkocht waard oan G.H. Hoesman, dy’t op dit plak harren kateringbedriuw ha. Neidat Syb en Folkje der in lyts fjouwer jier wenne hiene, binne Dave en Boukje dwaande it hûs wer yn in goede en bewenbere steat werom te bringen. Dat it hûs op dit stee in lange en rike histoarje hat mei dúdlik wêze. In âlde, werom fûne wetter-welput ûnder de flier, jout oan dat yn dy tiid sûnder wetterlieding in goede wetterfersjenning fan libbensbelang wie. Wy binne der as doarpsgenoaten tige mei ynnommen dat der wat bewarre bliuwt fan de styl en de útstrieling fan dit hûs. Wy winskje Dave en Boukje in goede tiid fan libjen en wenjen ta yn ús doarpsmienskip.

Siercksmawei 6

Dit is it hûs dêr’t Jan (6-7-1934) en Fo (1-5-1934) Walda-Wildschut wenje. Dit liket in frij grut kompleks. De skiednis fan de bewenners jout in byld, dy’t, wat it hûs oan de trochgeande wei oangiet, der hast twa ieuwen lang in trijetal famyljes wenne hat, wêrfan fan elk oan’t no ta twa geslachten. De speciekohieren, dy’t tsjinnen om de eigendoms en de dêr by behearrende belestingopbringsten te registrearjen, jouwe oan dat Jan Jacobs en Jan Fetzens fan Anjum nei Nijewier ferhúzje yn 1773, en dan wenje yn ft hûs numer 47, dat yn dat jier boud wurden is. Jan Jacobs wie troud mei Acke Jans dochter en Fetze Jacobs wie syn broer.
De beide huzen, dy’t yn ‘e skuorre boud binne, oan wêr’t no it Bakkerspaad is, moatte fan in noch eardere datum wêze, sjoen de betegeling yn de foarein. Dy binne der úthelle mar moatte fan ûngefear 1650 west hawwe. Yn de rin fan ‘e jierren hawwe der altyd fjouwer wenten west yn it gehiel, mei in eigen hûsnûmer. Wy komme dêr noch op werom.

lt ferhieren fan wenten wie in fêste ynkomst, hoewel it alle fjouwer ienkeamerwenten wiene. Dan komme wie tsjin op 10 augustus 1783, Sibbeltje Teackes, dy’t mei har beide dochters Maaike en Frouckje nei Nijewier kamen te wenjen. Sibbeltje Teackes, dy’t widdofrou wurden fan Fetze Jacobs, dêr’t sy mei troud wie op 26 jannewaris 1755 en wennen dêrfoar op in pleats yn Ealsum. Frij wis famylje fan Jan Jacobs en Jan Fetzes, earder neamd.

Sibbeltsje wie in dochter fan Botte Teackes, dy’t ek yn Nijewier wenne. Har äldste dochter Maaike troude mei Atze Lieuwes Bosch fan Marrum, Westernijkerk  op 8 july  1786.

Fan de famylje Bosch komme wy mear tsjin, ek yn Nijewier, ûnder oaren by de pleats wêr’t it Grientehûske stien hat. De beide jongelju binne troud yn Mitselwier en hawwe har nei wenjen set yn Marrum op in pleats. Dan, yn 1796 komme Atze Lieuwes en Maaike Fetzes werom nei Nijewier mei harren mem en skoanmem Sibbeltsje Teackes, yn it hûs nû. 47, dêr’t nei 1773 nei de bou noch inkele oare famylje wenne ha. Want neffens de gegevens har dêr yn 1778 in Jan Thymens wenne en yn 1780 Cornelis Eiberts. lt eigendom skynt yn de famylje fan Fetze Jacobs bleaun te wezen. Maaike har suster Frouckje wie op 29 april 1792 troud mei Lieuwe Teackes ût Ie. Faak komme wy deselde nammen tsjin, wat ek hast wol oanjout dat men yn ‘e fjirte famylje fan elkoar wie. Atze

Bosch wie in man dy ’t it tige goed dwaan koe, want yn 1803 wurdt hy oanslein foar de belestingen foar 5 ½  skoarstien, 1O kij, 3 rieren, 27 bunder besaaide lânnen en 7 hynders. Letter stie der as koopman te boek. Hy hie ek de cichorijfabryk yn it gebou dêr’t no it hok stiet fan Bean en Anita Braaksma. De saneamde âlde njyest’.

In trânsaksje út 1817 jout oan dat der dan twa huzen. fan makke binne. lt hat ek noch, yn de 19e ieu, in skofke as tsjerke tsjinne foar de ‘afgescheidenen’. Der binne yn Nijewier trije bern geboren, Fetze op 19 juny en doopt op 12 july 1789. Aaltsje op 13 desimber, doopt op 26 desimber 1791 en Lieuwe op 14 desimber en doopt op 25 desimber 1795. Dit neffers it doopboek fan de Herfoarme Tsjerke fan Nijewier. lt skynt sa west te hawwen, dat it hûs oan de Siercksmawei fêst ien steande gevel hie en der achterut in lange loads oanboud, dêr’t Atze Lieuwes, neist syn keapman wezen, ek noch buorkerij hie. De beide wenten oan it Bakkerspaad stiene los fan it gehiel. Wy meie hast oannimme dat de famylje fan Atze Lieuwes en fan Maaike Fetzes fan wjerskanten nochal wat besit hiene. Mar hoe dan ek, yn 1816 stiet it hûs te keap en wenje Atze Lieuwes Bosch en Maaike Fetzes wer yn Marrum, Westernijtsjerk. De omskriuwing fan it te ferkeapjen hûs wie: ‘in florisante huisinge met pakhuis en tuin staande aan de rijdweg te Niawier aldaar gequoteerd no 47 behorende de grond aan de erven Burmania, doch bij de verkoper in erfpacht, worden bezeten tegen een erfpacht van seven gulden, beswaard met onderhoud der stekkage, met de reed, aan de Suidkant sijnde de huisinghe voorzien van een put, regenwaterbakken, en verdere commoditeiten hebbende ten oosten en ten Suiden de straat Jan Sakes van de Herberg, en ten Noorden de weg, voor de prijs van
f 2020,00
‘.

De ferkeap wie yn ‘e herberch fan Hendrik Klaazes Vlasma, it hûs oan it Linepaad wat no nûmer 9 is. Keapers wiene Klaas Aukes Vellinga mei syn frou Tryntje Ypes v.d. Meulen, dy’t in bakkerij hiene yn Mitselwier en dy letter ferkochten. Doe is der frij seker in bakkerij begûn yn it pakhûs. De earste oven wie hjir ek opsteld. No wie it tak bakker yn dy tiid yn opkomst. Der waard foaral in soad roggebrea bakt. Der wiene ek in protte boeren dy’t seis harren brea bakten. De measte bakkers hiene dêrneist ek noch oare nering lykas in herberch of buorkerij. Sa ek de Vellinga’s, dy’t nochal wat län yn gebrûk hienen. De famylje Vellinga wiene echte ûndernimmers want oeral komme wy famyljeleden tsjin dy’t winkelman, smid of skipper wiene yn Nijewier of Mitselwier. Yn 1851 nimt de twadde soan Auke Klaazes, dy’t geboren wie yn augustus 1816 en dy’t troud wie mei Renske Sipkes Havinga fan Hantum it bedriuw oer. De omskriuwing wie doe neist de oare besittings: ‘een huizinge waarin een bakkerij wordt uitgeoefend, met schuur en wagenhuis, bleekveld en hooienge, tuin en andere toebehorens, staande en gelegen in de buurt te Niawier hebbende haastliggèrs te Oosten het pad, te Zuiden de reed, ten Westen de weg en ten Noorden de weduwe Pier Enëus Rijpma enz’. Dit hûs stie earder oan de oare kant fan it Bakkerspaad. De tiden binne bêst en mei syn broer Tsjamke wurdt der neist de bakkerij goed seis bunder län bebuorke. Der wurdt ek gauris in stikje län beskreaun by ferkeapings. Om 1879 hinne wurdt de hiele boel omraak ferboud. Der komt in alhiel nije skuorre te stean, in oanbesteging yn de Oostergo Krante fan 1879 jout oan dat der 14 ynskriuwers wienen en de leechste woe it dwaan foar goed 9600 gûne, wylst de heechste 13.500 gûne skreaun. De beide wenten, dy’t no foar yn ‘e skuorre binne, binne doe ûnder itselde dak kommen. De bakkerij krige ek in plak yn it gehiel en der kaam ek in nije oven yn. Dy is yn 1946 wer ferfongen troch de oven dy’t der no noch stiet. Auke Klaazes skriuwde him krekt as syn heit, as meester Bakker. Auke Klaazes komt mei 60 jier te ferstjerren en de bern wolle it bedriuw net oernimme. De twa soannen, Klaas en Sipke en dochter Tryntje ferkeapje it bedriuw oan Alle Doekes Harkema, dy’t der al wurke as teint en troud wie mei Sjike Daniëls Scheepstra. Yn 1887 fynt de ferkeap plak yn de herberch by Douwe Siccema. Neist de omskriuwing fan alle landerijen wie de omskriuwing no sa: ‘een huizinge waarin een bakkerij met schuur en stalling, bergplaats en drie afzonderlijke woningen, tuingrond cummis-annexis staande aan de grindweg in Niawier-1282 1283- 1284-kad. Bekend Gemeente Nijkerk 1282 huis groot 42 ca. 1283 huis en erf groot 8 are en 34 ca. 1284 huis groot 70 ca. Toonbank en losse hanger in het voorhuis, de baktafel,een stel pannen met borden in het bakhuis, benevens tot de bakkerij behorende gereedschappen, zijn niet in de koop begrepen als behorende aan de huurder’.

Alle Doekes Harkema waard fan hierder de eigner fan de bakkerij en fan de trije wenten, dy’t ferhierd waarden. De famylje Harkema krige 5 bern, Doeke, Daniël, Tryntje, Ytje en Maartje. lt wie no gjin bakkerij én buorkerij mear. Der waard mear dien oan it bakken en fansels it measte maast ütsutele wurde. Om 1900-1905 hinne is der in nije kap op it hûs kommen.

De skuorre waard brûkt foar opslach fan takkebosken en turf foar de oven. Ynwennende feinten en fammen wie ek hiel gebrûklik. Soan Daniël hat noch wol ferteld hoe’t it brea mei de kroade ûtsutele waard. De blauwe kroade hat noch lang in plakje hän yn ‘e skuorre.

Wer letter kaam it ferfier mei de hûnekarren. De beide karren dy’t der noch wiene ha ek oan’t 1942 yn ‘e skuorre stien. Op 18 april 1919 wurdt  by notaris S.P. Groenier te Mitselwier it gehiel ferkocht en oerdien oan soan Daniël Harkema, dy’t troud wie mei Pietsje Krines Boelens fan  Nes W.O.  De priis wie 4800  gûne.  Harren beide swannen,

1973 1.133 en !134. mei de strjitnamjouwing yn 1977 waard it Bakkerspaad 1 en Siercksmawei 6. Doeke geboren 22-9-1911 en Krine, geboren 10-8-1914 keazen foar in oar fak, sadat de Harkema’s gjin opfolger hiene foar de bakkerij. Der mat ek noch neamd wurde, it ferhieren fan de trije ynpandige wenrûmten fan 1880 öf en earder oan’t 1960 ta. De hûsnûmers wiene yn 185.3: 47, 47a, 47b en 47c. Yn 1903 67, 67a, 67b en 67c. Yn 1924 1.97, 1.98, 199 en 1.100.  Yn

Yn 1903 is der in wenningûndersyk west dêr’t alle huzen beskreaun steane, mei de bedsteden, de tonnen en de wetterbakken, it aantal fertrekken en de hierpriis. Nijsgjirrige literatuer dy’t te sjen is by it Streekargyf yn Dokkum.

Jan Walda - beukerskoalle

De  beukerskoalle  yn  ‘e bakkerij  fan Jan Walda

Yn 1933 komt de bakkerij te keap en wurdt de nije eigner Gjalt Jzn. Walda, geboren 3-1- 1906, soan fan Jan Hendriks Walda en Akke Bartstra, bakker yn Spannum.

Gjalt Walda wie troud mei Anna de Boer, geboren 16-11-1906 te Arum, dochter fan Gerrit Anes de Boer en Sibbeltsje Glazema, beurtfeartskipper yn Arum . Der binne twa bakkerijen yn Nijewier, mar yn hast alle doarpen yn East-Dongeradeel binne twa of trije bakkerijen gjin seldsumheid.  De oankeappriis  is om en de by f   10.000.
Mar it giet goed, de krisisjierren geane foarby en it wurdt alle jierren better mei alles. Sa giet it op ‘e oarlochsjierren ta.

De hûnekarren wurde ferfongen troch de transportfytsen.  Der binne twa bolkoerrinsters, dy’t de_ boel oan de man of de frou bringe. Der wurde seis bern geboren, Jan 6-7-34, Sippie 10-6-36, Akke  10-10-39, Gerrit 19-12-43, Hendrik 14-2-46 en Anna-Klaasje  23-4-52.

De oarlochsjierren binne bange jierren mar op it plattelän wie der gjin-direkte honger as ferlet.  Der waard yn  1946 in nije oven boud, dy’t op turf, hout  en takkebosken  stookt waard en wer letter op oalje en gas. Nei de befrijing yn 1945 feroare der in soad. Letter, troch emigraasje  en migraasje, ferhuzen  in protte minsken fan it plattelän. De   meganisaasje, ek yn ‘e bakkerijen sette troch. De transportfyts waard ferfongen troch in motorbakfyts, wer letter in bestelauto. Soan Jan kaam fan skoalle of by syn heit yn ‘e bakkerij.  lt hiele hûs waard  no troch  it bakkersgesin  bewenne. Jan  krige ferkering  mei Fo Wildschut geboren 1-5-1934, dochter fan Louw Hendriks Wildschut, ôfkomstich fan Nijlän en Sjoukje Visser fan Hantum Doe’t de jongelju  wol trouwe woenen, wie  it in hiele toer om in hûs te besetten. En sa waard der  besletten om it hûs wer yn twaën te splitsen en Jan en Fo oan de kant fan de saak kamen.
lt oansjen fan it hûs wié al tige feroare mei de nije gevel derfoar, mei grutte ruten deryn en ek kamen der glêde pannen op it dak. De skuorre krige ek in fikse opknapbeurt, de kowestallen en de hynstestâl waard der ût helle. Jan en Fo krigen 4 bern, Sjoukje 29-9- 1962, Gjalt 24-3 1963, Anna 15-7-1966, Gelbrich 19-11-1970. Gjalt senior hat goed tsien jier yn it hûs wenne, dy’t yn 1960 fan de eardere bakkerswente makke wurden is. Mem en beppe Anna is stoarn yn maart 1966, sy ha der mar krap seis jier tegearre wenne. lt hûs en de solder hiene in eigen yn- en opgong aan it Bakkerspaad, dat der doe makke wurden is. Yn 1976 ha Jan en Fo it hiele hûs wer sa makke dat it wer yn ien hän bewenne waard. Mei help fan de bern en losse helpen waard de bakkerij dreaun. De iene nei de oare bakkerij op it plattelân slúte, dat der wie wurk en ôfset genoch, mar it wie wurkjen by nacht en by dei. Soan Gjalt kaam yn de bakkerij dêr’t op ’t lêst, wat de omset betreft, hiel wat omgie. Mar it moast foar it grutste part útsutele wurde en dat ferge in-soad tiid. Doe’t Jan him ek noch bejoech yn ‘e gemeentepolityk, waard it in tige drok en bânnich bestean.
Soan Gjalt seach ek net in fjirdere takomst yn ‘e âlderlike bakkerij. Skaalfergrutting, mobiliteit en de easken fan miljeu en oerlêst, dit fregen fikse ynferstearrings, dy’t op dizze skaal wis gjin genoch rindemint hawwe soene.

Sa waard yn 1986 it fjoer fan de oven dôve.

Jan gie fierder yn it gemeentlik bestjoerlik wurk en soan Gjalt krige wurk yn oare bakkersbedriuwen. Troch it beslût om op te hälden mei de bakkerij kaam der in ein oan 170 jier bakken yn it bakkershûs.  In beslût, dat mei oannom wurde,  mear ynjûn waard troch ferstânlike oerwagings, dan dy fan it gefoel. lt wenjen yn it hûs, dêr’t troch de ieuwen hinne safolle feroare is, mar noch altyd de grutte kelder hat mei de grûnwelput en de hege skuorre mei de ynpândige bakkerij,wêr’t de stienmitsele oven it bewiis noch leveret, it hat wol wat. Trije geslachten bakkers fan heit op soan is dochs wol wat bysûnders. Mar alles giet foarby.

As de tiden feroarje, dan ferset men de bakens. En as sadanich is it ek wer net bysûnder, it is libbensberin. Mar de beskriuwing fan de minsken dy’t op dit stee libbe en stribbe ha, hat èk wer in eigen ferhaal. Dat wat fertelt fan de skiednis fan dy minsken, dy’t harren lok en leed hjir belibben mei fallen en opstean.

Siercksmawei 8

It hûs, dat oan ‘e Siercksmawei stiet en kadastraal as E62, 2 are en 10 ca, oantsjut, hat mei in steande gevel oan de Kampsteech noch wat fan in tradisjonele bou fan in hûs, sa’t dy der mear yn Nijewier wol west hawwe. Somtiden mei twa steande gevels, of ien en in delrinnende dakhelling. Meastal mei twa skoarstiennen, wat oanjout dat it hûs fakentiids troch meardere húshâldings bewenne waard. Fan 1986 ôf wennet Jitske Visser-Sijtsma (1927) wer yn it hûs, dêr’t sy hearder ek wenne hat. Jitske is berne yn it hûs oan de Grutte Stege 4 dat doe ek troch twa húshâldings bewenne waard. Har âlden wieneKlaas Sijbrens Sijtsma en Martsje Cuperus. Der wie noch in suster Stientje en in broer Sijbren. Doe’t dy berne is stoar har mem. Letter is har heit wer troud mei de suster fan syn ferstoarne frou, dat wie Tetje Couperus. Al frij gau is de famylje Sijtsma ferhuze nei de buorkerij oan de Terpstrjitte, dêr’t Saapke Feenstra-Beets no wennet.
Dêr binne ek har broer Christ en suster Martje berne. Yn it jier 1937 ferhuze de famylje nei it hûs dat wy yn it koart de revue passearje litte wolle. Jitske is yn it jier 1954 troud mei Folkert Sijtsma fan Ljussens, dêr’t se ek hinne gien binne te wenjen. Sy hiene dêr in buorkerij en dêr binne ek harren beide soannen en in dochter berne. Doe’t der, yn it kader fan de ruilferkaveling, in mooglikheid wie om yn 1974 de pleats de Bûtenweister Sathe ye bebuorkjen yn it doarp Moarre, gie dat oan. Mar yn 1984 kaam Jitske har man Folkert te ferstjerren.In soan kaam op ‘e pleats en Jitske kaam yn 1986 werom om te wenjen yn it âlderlik hûs. Yn it jier 1952 hie it hûs nûmer I.52 en kaderstraal altyd B 717 hân en praktysk deselde oppervlakte, 1 are en 99 ca. Dat is wol hier bysûnder.
Jitske docht mei noch in soad frijwilligerswurk yn ‘e Skule yn Mitselwier en bringt in grut part fan har tiid dêr troch. Foar har ynset is se beleane mei in Keninklike ûnderskieding.
Yn ‘e rin fan ‘e jierren is der in garaazje oan fêst boud en binne de nedige ferbetteringen oanbrocht. Klaas Sijbren Sijtsma hat it hûs kocht fan Egbert  Feddes de Vries, slachter yn Easternijtsjerk. Dy de Vries hie it hûs kocht fan Jentsje Visser, gardenier, dy’t troud wie mei Minke Wiersma en letter Jantje de Wit as húsgenoate hie. Krap twa jier hat Marten de Jongmei syn frou Riemke der ek noch wenne. De Jong wie graankeapman en Jitske fertelde dat der noch altyd weetkerrels tusken de souderplanken sitte, dy’t dêr achter bleaun binne. Wer hearder is op âlde foto’s te sjen dat der ek noch in hok op it hiem stie, oan ‘e dyk, in saneamde fjoerhutte. Jentsje Visser hie yn 1926 it hûs, dat doe nûmer I 106 hie, oerkocht fan Alle Doekes Harkema, dy’t troud wie mei Sijke Daniels Scheepstra, de heit fan de buorman bakker Daniel Harkema, dy’t troud wie mei Pietje Boelens. De Harkema’s hiene yn it jier 1888 it hûs nûmer 62 oerkocht fan de eardere bakkersfamylje Klaas Aukes Vellinga, wa syn heit Auke Klaazes Vellinga de bakkerij begûn is yn 1818 yn it hûs, dêr’t no de twadde generaasje Walda wennet. Yn 1860 moat der ek omraak ferboud wêze, sa wurdt der yn de boeken beskreaun, neidat de Vellinga’s yn 1856, om mooglik mear rûmte te jaan oan de jongelju, it hûs oerkocht hiene fan Klaas Klaazes Moender fan Easternijtsjerk. Dêrfoar wennen Lieuwe Janzoon Scheepstra mei syn frou Trijntje Klazes Moender, mei harren twa bern yn it hûs mei it nûmer 46. Lieuwe Scheepstra syn frou sil fêst in dochter west ha fan Klaas Moender, dy’t as Klaas Klaazes yn Nijewier wenne en yn 1813 de namme Moender oannaam, mei syn frou Antje Wiersma en twa bern. It gyng faak fan heit op soan, mei de nammen ek Yn de speciekohieren komme wy it hûs nûmer 46 tsjin, mei as bewenner Jacobs Jans yn 1795, dan 1793 Jan Jacobs, yn 1782Jan Thymens. Wy lêze yn it jier 1773 ‘een huis nieuw gebout’. Wy mei oannimme dat it besteande hûs der doe delsetten is sa’t wy it no noch kinne.

Siercksmawei 4 – “It Poltsje”

Op ‘e kaart fan Schotanus út 1618 stiet in stjerke (*) op it plakje grûn oan de wei fan Nijewier nei Mitselwier. De kaart fan Eekhof fan 1840 lit dúdlik sjen dat it hoarnleger, dat is in plak der as earder in pleats of in hûs stien hat, noch oanwezich is.
It wie in heech plakje lân, tsjin de rêch fan de griente oan. Foartby it Ald Mear, in oerbleaune sé-slinke. Troch bediking is dizze stadichoan wurden wat as der no is fan út de iere Midsieuwen wei. Hoewol om 1570 hinne by de Allerheiligenvloed der noch wol oerstreamingen foar kamen. Dêr by kamen yn Nijewier 82 ynwenners om en yn Wetsens 26. In stien op manshichte yn ‘e Herfoarmde tsjerke te Mitselwier jout de hichte oan fan it wetter en it tal minsken dy ‘t hjir ferdronken binne.
Troch de ruilferkaveling yn de sântiger jierren is dit hege plakje oan de Aldmearsreed keppele oan de perselen dêrom hinne.
It wie oan ‘t koart noch oanwiisber oanwezich, mar troch de bouw fan it nije griene bergingshok fan de maatskip Jippe Broos en Winter is it praktysk net wêrom te finen yn it lânskip, allinne dan yn in flauwe glooiing.
Toch is it de moaite wurdich de skiednis fan it Poltsje te witten. In hierkontrakt út 1957 yn besit fan Magiel Weidenaar jout oan dat yngeande 11 november 1951 Geert Rinses Weidenaar, gemeentewerkman en lantaarnopsteker en Jan Janz Mennemade hierders binne fan it perseel Sectie B Kadastraal Gem. Nijkerk nummer 814 groot 21 are en 40 ca, ieder voor de helft. Eigeneresse wie Dieuwke Hoogland út Heemstede.
It makke ús nijsgjirrich hoe as in stimdragend hoarnleger oan syn stim kaam en sa lange jierren har foarm halde koe, en oantsjut waard as pleats nummer 2, ien fan de twintich stimdragende pleatsen dy ‘t Nijewier hie om 1600 hinne.
De âldste Floreenkohieren binne fan 1640 wer yn pleatsen en eigeners beskreaun wurde fan Nijewier, dy ‘t stimrjocht hiene yn Grietenij en Tsjerkebestjoeren en fermiddens.
Der stiet yn dat it is ‘in plaats van groot 40 pondematen, het is Staeten – landt’, wat oanjout dat it earder in kleasterpleats wie, yn eigendom fan it kleaster Sion.
It kleaster, dat yn 1585 opheven is, hie ta it gefolg dat alle lân en besittings ferfoelen oan de oerheid, yn dit gefal Deputearre Steaten fan Fryslan.
Hierder wie hjir Meijer neamd, bewenner en gebrûker Former Douwes.
Om 1700 hinne is Sicco fan Goslinga eigener. It measte lân dat troch de Steaten ferkocht waard, gong oer nei de Fryske lânadel. Abe Symons wie doe de hierder en it hoarnleger wie 11 pounsmiet grut en dat hat it ieuwen lang west mei de perceelnummers B813, 814, 815 en 816. Oan ‘t 1728 bliuwt Goslinga eigener, wylst Jan Pyters Swart de hierder is fan it gehiel, dat dan oantsjut wurd: ‘ten Oosten de Olde Mear.’
Yn 1738 is Jonkheer J.G. van Burmania eigener en is Opt Tjerks de hierder en brûker.
Dan is yn 1748 Lolke Harmens hierder en yn 1758 Tijs Janties.
As yn 1768 mefr. Goedarus eigeneresse is, binne Douwe Douwes bern hierder. Dizze Douwe Douwes is neffens it opskrift op in grêfserk yn ‘e Herfoarmde tsjerke op 10 juny 1745 stoarn, âld 45 jier, in leven huisman onder Niawier. Syn frou Antie Tiesens is stoarn op 28 february 1755, 47 jier âld. Harren bern wiene al betiid wees.
Sawol Douwe Douwes as syn frou Antie Tiesens harren nammen steane op de serken fan Eebe Eebessoan en Gryttie Clasen, in begoedige boerenfamylje, dy ‘t wennen op in pleats fan ‘Klooster Zion’. Yn 1749 stiet yn ‘e Quotisatie kohieren, wer yn de beroppen en de wolstân fan de Fryske befolking fermeld wurd, dat de wed. Douwe Douwes, boerin mei in gesin fan 5 persoanen, oanslein waard foar 54 – 7 plus 6, dat wie 54 florijn guldens en 7 stuivers. De 6 stiet foar belesting op zout en maalgeld en tabak.
Sjoen de hichte fan de oanslach, ien mei fan de heechsten, dy blyken dat sy mear eigendommen hie. De bepalings wiene wol sa yn dy tiid dat earme widdowen  frij steld waarden fan belesting op zout, tabak en maalgeld.
As hierders hjirnei neamd wurde Yme Ypes, Abram Poutsma en Igle Sakes.
Yn 1798, as Ulbe fan Burmania eigener is fan 11 pondemaat ten Oosten van de Olde Mear, ten Zuiden van Minne Rienx, dy ‘t de Grientepleats bewenne en ten Noorden van Pieter Posthumes, frij seker de Hoekjesterp, is Claes Jans bewenner en hierder.
Dan binne yn 1818 Jan Alberda en J.A. Gleistra as erven fan Burmania eigeners en brûker fan deselde 11 pondemaat te Oosten de Olde Mear, ten Zuiden van de Wed. Minne Rienxt en ten Westen Eelke W. Meindertsma.
It docht bliken by de namme-oannimming yn 1811, op gesach fan Napoleon, dat Jan Eagles de namme Alberda oannaam, mei 1 bern. Letter wie hy boer op de Sate Hollewey, no de Brunia’s Pleats. Yn 1828 blykt dat nummer 816 net mear by it perseel heard. Dat wie it twadde stik lân oan de Ald Mearsreed, achter it Jan Saapkes lân en it Quoslân, tsjin it Ald Mear oan.
Jierren lang hat de famylje A.W. de Vries dit perseel brûkt fan de eigeners, de famylje Hoogland. Om 1980 hinne hat de famylje de Vries it oankocht fan de erven Hoogland yn it kader fan de ruilferkaveling.
Yn 1858 wie Jonkheer Casper van Breugel eigener en binne Kornelis Fockens,
P. Meidertsma, S.H. Sijtsma en Maaike G. Dijkma as frou fan Pieter Slager de hierders. It jout hast te tinken, dat yn dy jierren de opstal mei it hûs ôfbrutsen en net wer opboud is. Mooglik hie it ek wat te meitsjen mei de oanlis fan de wei tusken Nijewier en Mitselwier yn 1876. As eigener brûker komme wy nei Casper van Breugel, Eelke Jacobs Holwerda tsjin meiNanne Nannes Benthem, minderjarige te Morra. Eelke Jacobs Holwerda wie ek de eigener fan de no bekinde Brunia’s Pleats. Sa hat ‘It Poltsje’ hiel lang in relaasje han mei dizze pleats. Letter is Jacob Eelkes Holwerda mei syn suster Ytje Eelkes enBoukje Eelkes, dy ‘t widdo wie fan S.M. Meindertsma, elk foar in tredde part eigener. Jacob Eelkes Holwerda wie boer fan 1905 oant 1911 op ‘e pleats oan ‘e Bredewei, no bewenne troch Wim en Line Bakker-Holwerda. Ytje Eelkes wie troud mei Wierd Willems Wiersma, dy ‘t fan 1892 oant 1913 buorke op de al earder neamde Hollewey Sate. Yn 1918 giet it hoekje grûn oer fan Wierd Willem Wiersma nei Pieter Watzes Hoogland, dy ‘t dan buorket op Hollewey fanôf 1918.
Nei Pieter Watzes Hoogland is yn 1947 de Wed. Dieuwke Hoogland eigeneresse. Har soan Pieter Watze Hoogland ferkeapet it lân yn 1983 oan Willem Yme Brunia, dy ‘t yn 1939 boer wie op Heal-Wei, sa as it no op de Hamei peallen stiet. Hy folge syn heit doe op, Yme Willems Brunia, dy ‘t yn 1934 nei Meindert Finnema der buorke fanôf 1924. Yme Willems Brunia kaam út Ealsum fan in pleats wer fan it wenhûs noch stiet op in terprestant.
Soan Yme Willem Brunia fertelde, dat mei it djip ploegjen fan it poltsje der noch wol âlde friezen, kleasterstiennen, boppe kommen binne. In bewiis fan eardere bebouwing. Troch en mei de ruilferkkaveling is dit bysûndere sté net yn har foarm bewarre bleaun en dat hie feitlik al moatten.
It docht bliken dat der troch de rin fan de jierren al hiel wat ompakt is mei it Poltsje. Hoe as it Poltsje no krekt oan har namme kommen is, is min te achterheljen. Mooglik omdat it ieuwen lang as in echt hûssteed plak oanwiisd wurde koe en dat it in stim hie. En dat telde ek swier. Yn feite spitich dat dit stikje sichtbere skiednis sa wei wurden is.

Mei tank oan: Reinder Tolsma, Magiel Weidenaar, Yme Willems Brunia, Pier Doekes Prins, A.W. de Vries en Yco Dijkma.

Siercksmawei 10

Aan de Siercskmawei 10 wonen in de stelpboerderij Jouke Hiemstra (1961) teamleider-klantenondersteuning bij de Dockumer Vlaggencentrale en Saskia Weidgraaf (1967), werkzaam in de gezondheidszorg Jouke werd in 1988 eigenaar van de boerderij-woning, zoals wij die nu kennen. Nog steeds wordt het pand gemoderniseerd maar het kenmerk van de uiterlijke stijl blijft bewaard. Het dak van de schuur is kortgeleden geheel gerenoveerd met nieuwe dakjuffers en een geheel nieuw rieten dak.
Het was voor ons aanleiding eens na te gaan wat de geschiedenis is geweest van het huis en haar bewoners, de eeuwen door. Vanaf 1928 was Sietze Streekstra,
die gehuwd was met Sietske van Sinderen huurder en bewoner van het huis no. 10. Eigenaar was de Christelijke Gereformeerde Gemeente te Wouterswoude. In 1953 kocht de familie Streekstra het geheel, deed diverse verbouwingen en beoefenden lange jaren het boerenbedrijf uit. Het huisnummer was nu. I 139. De Chr. Ger. Gemeente was in 1913 eigenaar geworden door een legaat van Janke Jousma, de weduwe van Klaas Klaazes Langhout. Deze had in 1896 de huizinge gekocht van Lieuwe Goffes Miedema, koopman gardenier te Niawier, het huisnummer was toen 105. In 1860 komen wij
Jan Hendriks Vlasma tegen als eigenaar van de woning, die nu het nummer I.61 heeft. Deze was de zoon van de weduwe Hendrik Klazes Vlasma, waarbij tevens als mede eigenaresse staat vermeld Geertje Hendriks, de vrouw van Ype Klaazes Vellinga.
In het jaar 1865 is er sprake van een splitsing, waarbij het perceel van 6 are en 35 ca verder gaat onder het kadastrale nummer B 716, huis en erf, groot 5 are en 60 ca huisnummer 47b. Willemke Jans v.d. Herberg, de weduwe van Hendrik Klazes Vlasma  had het perceel gekocht in 1857 van Eelkje Symons Kloostra, landbouwer te Niawier. Daarvoor was het Renske Folkert Sijtsma, gardeniersche die eigenaresse was geworden in 1833. En in het jaar 1837 de boerderij weer doorverkocht aan eerder genoemde Kloostra. Renske Folkert Sijtsma had in 1833 het huis, schuur en erf in eigendom verworven door koop van Douwe Johannes Beintema, landbouwer uit Westergeest. Het laat zich aanzien dat in het jaar 1865, waar de kadastrale nummers B716 en B722 verder gaan, mogelijk door nieuwbouw als Stelphuizinge met tuin, waarbijJan Hendriks Vlasma en Ype Klaazes Vellinga de eigenaars zijn volgens de floreenkohieren van 1838 en 1858. In 1828 wordt er vermeld dat het gaat om de eerdere boerderij nu. 20, eigenaar Hendrik Klaazes Vlasma, een hornleger vrij van florenen. Daarvoor in 1818 is het Pieter Jans v.d.Herberg, in 1798 Eneüs Pier Rijpma en in 1778 is mevr. Goedaüs eigenaresse en is Douwe Folkerts gebruiker. Dan wordt in 1768 de Generaal Burmania als eigenaar genoemd en is Minne Rienks de gebruiker.
Hiervoor, dat is in 1768 is er sprake van, dat door verkaveling boerderij 19 en 20 één stem behouden is. Dat heeft mogelijk te maken met de omstandigheid dat zowel het huidige Linepaad 11, de vroegere smederij en het Linepaad 9 een stemhebbend nummer droegen. Waarvan de adellijke familie Burmania, voor wat de ondergrond betrof, het eigendom in haar bezit had. Het gehele gebied, omsloten door wat nu de Siercksmawei, Bornensisstrjitte, Linepaad en het Bakkerspaad is, viel daar onder. De conclusie mag zijn dat het huis van Jouke en Saskia reeds een lange geschiedenis heeft gekend en nog steeds een beeldbepalende functie in het dorpssilhouet heeft.

Siercksmawei 17

De Siercksmawei vanaf de kruising, Bornensisstrjitte tot de afslag naar de Singel, was behoudens de eerdere woning van Gosse W. Braaksma aan beide kanten onbebouwd.
Rond het jaar 1920 werd door de toenmalige eigenaar van de landerijen Willem Klazes Vlasma voor hemzelf een huis gebouwd. De woning zoals wij die nu kennen, bewoond door Siebe Holwerda. Dan in 1928 koopt Harke Ages de Jong, koopman in Oosternijkerk, een naastgelegen bouwkavel om hier een huis met aangebouwd pakhuis te laten bouwen. Een complete bouwtekening is bewaard gebleven. De bouwer was het aannemersbedrijf van de Gebr. Ferwerda uit het dorp Ee. Harke de Jong was getrouwd met Iebeltje Braaksma, een zuster van Gosse K. Braaksma, die gehuwd was met Grietje Damstra en an de overkant van de weg woonden. De woning met het pakhuis, kadastraal bekend  B 1720, groot 3 are en 55 ca, had als huisnummer I.54. Harke de Jong, die een fouragehandel had, ging met een prachtig zwart paard voor de wagen, veevoer en kunstmest en zaaizaden bezorgen bij zijn boeren en afnemers in een wijde omtrek.
Jammer is het dat er op dit moment geen geschikte foto beschikbaar is. Op de voorgevel van het pakhuis waren enige agentuur vertegenwoordigersborden geplaatst. Nadat kort voor het jaar 1950 de zaken werden beëindigd hebben de Jong en zijn vrouw hier nog een aantal jaren gewoond. Zij hadden één dochter, Wietske, die gehuwd was met Klaas Durk de Vries, onderhoudstimmerman in het ziekenhuis de Sionsberg te Dokkum.
Zij hebben, met hun beide kinderen Iepy en Durk ook nog een tijdje bij hun ouders ingewoond, nadat het pakhuisbedrijfsgedeelte geschikt was gemaakt voor woonruimte.
In het jaar 1968 werd de nieuwe eigenaar Marten Janz. Wouda, rustend landbouwer, die gehuwd was met Jantje Rozendal, die er na diverse aanpassingen, nog een aantal gewoond hebben. Het huisnummer was in die tijd veranderd tot I. 73. Na het overlijden van mevr. Wouda kwam zijn zuster Tjitske bij hem inwonen. Een poosje is er ook nog inwoning geweest in een zijkamer van mevr. Janke Rozendal. Dit was de weduwe van de schrijver-dichter Anders Minnes Wybenga. Rond 1982 kwam de woning te koop en via bemiddeling werd Romke Sietse van Dellen, van beroep bakker te Anjum, die getrouwd was met Hielkje Elzinga de nieuwe eigenaar en bewoner. Na hier ruim 20 jaar te hebben gewoond, waar ook hun 4 kinderen werden geboren werd er gezocht naar een woning met meer erfruimte. Met name ook voor Romke zijn grote hobby, schapenhouderij meer mogelijkheden te bieden en die werd nabij gevonden, aan de Siercksmawei 2, net voor de grens van het dorp Oosternijkerk. Jan Lauffer en José Gotjé, uit de stad en de provincie Utrecht zochten, na een eerder goed bevallen vakantie in Fryslân, een woning in deze provincie. Eén, die werd gevonden in Niawier op deze plek. Jan Lauffer, die door een vervroegde werkuittreding meer tijd kreeg om te klussen en andere dingen te doen, kan hier zijn hart ophalen. José heeft nog een parttime administratieve betrekking bij een zorginstelling te Leeuwarden. Beiden, zo verklaren zij, genieten volop van de rust en ruimte die hier nog gevonden wordt. Wij wensen hen beiden nog veel gezondheid en een goede tijd toe in onze dorpsgemeenschap.

Jan Walda

Copyright © Jan Walda

Bron: Publicatie in “Doarpskrante fan Nijewier – Wetsens”

Siercksmawei

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie