Anders Minnes Wijbenga

amwybengaAnders Minnes Wijbenga (25 oktober 1881, Nijewier – 9 septimber 1948, Easternijtsjerk) stiet bekind as de doarpsdichter fan Nijewier. Hy wie fan syn fak wie er komelker/gernier en tige frysksinnich.

Hy skreau yn it begjin fan de 20e ieu wol gauris yn it Frysk Deiblâd, de Dokkumer Krante en Fryske tiidskriften sa as ‘Yn us eigen taal’ en ‘Stim fan Fryslan’. Sa skreaud er yn 1907 yn it Frysk Deiblêd it feuilleton Us libben yn Teltsjegea, under de namme Fetze Greidema en ûnder en In Fryske Jongen.

Yn 1908 wie hy ien fan de oprjochters fan it Kristlik Frysk Selskip. Yn dat selskip hat hy tige warber west. Yn 1923 binne syn psalmberimings yn opdracht fan it Selskip útjûn yn it Fryske psalmboek. It doel wie om dat yn ‘e tsjerke te brûken. It hat lang sa west dat der yn Fryske tsjinsten Hollânske psalms en gesangen songen waarden. De bondel fan Wijbenga is net yn de tsjerken ynfierd. De beriming fan Fedde Schurer waard better fûn. Yn 1930 kaam der in bondeltsje fan Wijbenga’s gedichten út mei as titel: ‘Libbensgong’. Hy wie ek foarsitter fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB), dêr’t er ta syn dea yn 1948 mei dwaande west hat. Nei syn dea yn 1948 is it bêste wurk fan Wijbenga sammele yn de bondel: ‘Ljocht oer it fjild’.

Wybenga is begroeven op it hôf fan Wetsens

Wurk fan Anders Minnes

* Loddespitten (1911).
* Foar de fûst wei, foardrachten foar Fryske gearkomsten (Snits: Osinga, 1914).
* Libbensgong (1930).
* Yn ‘e nije pronk, karsamling stimmige en fleuriche foardrachten (Dokkum: Schaaf, 1932).
* It Soenhús, in histoarysk forhael út East-Dongeradiel (1937 – nûmer 3 yn de rige fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek)
* Ropta, syn mounle, syn skiednis, 1836-1936 (Dokkum: Kamminga, 1937).
* Fryske Folksdichters (Boalsert: Osinga, 1945), hjirin stean in tolvetal fan syn gedichten.
* Ljocht oer it fjild, fersen fan lân en bedriuw (Assen: van Gorcum&Comp. n.v., 1950).
* Alderheljen, wurk fan A.M. Wybenga (Boalsert : Osinga, 1970), co-auteur Doede Wiersma.

bron:wikipedy

Byld yn Nijewier

IMG_3888-400  IMG_3889-400  IMG_3891-400

 

Gedicht:

Myn doarpke lyts, myn doarpke djûr

Hoe eagestou de fjilden oer

Us âlde Fryske lannen

Hoe bistou yn dyn laeflikheit

Dy’t yn en om en oer dy leit

Myn siel mei sêfte bannen

Hjir bin ‘k troch ’t wûndre libben gien

Hjir haw ik leed en lok forstien

De ljochten en de skaden

‘k Seach what my bynt oan’t âlde gea

Dyn moarntiidsgloed en jounich rea

Yn ’t ljocht fan Gods genade

 

Neitinken oan Wybenga

25 Oktober 1881 – 9 Septimber 1948.

A.M. WybengaYn ‘e lette joun fan de 9de Septimber is to Easter-Nijtsjerk forstoarn ANDERS MINNES WYBENGA, hiel Fryslân oer bikend en jierren lang foarman yn it Kristlik Fryske formidden.
De Nijwiersters en de Wetsumers hawwe him kennen as in flitich, ienfâldich geaman, koumelker en gernier en as trou tsjerkegonger. Mar hiel Fryslân ken him as strider foar it folk, as bijeftige dichter en sjonger. As earlik en folhâldend strider foar syn eigen folk. Hy wie in echte natuerman, dy’t de gave fan opmerken hie, en yn treflike wurden bisong, hwat hy yn it Skeppingsboek lies. Ek in ienfâldich, leauwend Kristen, dy’t stipe en krêft foun yn it Wurd fan God en syn Kristlik leauwe en syn iwige forwachting útsong yn mannich liet. Men kin it sa sizze, hy libbe tichte by God. En Jezus wie syn Heilân en Forlosser.
Fersen meitsje hat fan skoalle ôf oan Wybenga syn sin west. Hy hat der wol fan forhelle hoefolle muoite it him koste hat, om de technyk to learen: “Einlings gyngen myn eagen iepen; it kaem troch mei omtinken psalm 89 to lêzen. Ik murk, dat men yn it midden fan ‘e rigel efkes hippe koe.” Syn eagen gyngen iepen foar rythme en klam. Mar sa seit er op in oar plak: “Fan ’t Frysk fornaem ik yn myn jeugd net folle goeds. Heit en Mem moasten der neat fan hawwe. It joech gjin pas foar Christlike minsken.”
Dochs is Wybenga oan it Frysk lêzen en Frysk dichtsjen rekke. Syn earste stikjes hat er op ‘e Nijwierster Feinteforiening foardroegen. Dêrmei wie it pleit foar Frysk op dy foriening ek bisljochte.
Yn 1908 wie hy ien mei fan de oprjochters fan it Christlik Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, yn it sealtsje fan de Klanderij to Ljouwert. Under de skûlnamrne fan “Fetse Greidema” en fan “In Fryske Jonge” hie hy al hwat namme makke. Yn it Tiidskrift: “Yn ús eigen tael”, publisearre hy foartoan syn psalmbirimings en kristlike lieten. Hy wist it safier to bringen, dat yn 1923 it Fryske psalmboek útjown waerd by Osinga yn Bolsert. Dat wie in hichtepunt yn syn libben.
De dichter seit er dit fan: “Yn de earste jiergong fan Yn ús eigen tael kamen ek in pear Fryske psalmbirimingen foar. G. Postma fan Moarmwâld die hjir de foarstap ta. It lei foar de hân, dat ik dêr oan mei die.
As wy ek yn ús eigen tael Gods greate wurken forkundigje soene, hoe koene wy soks dan better dwaen, as mei de wurden fan Israëls greate sjongers. By it Psalmboek wie ik opwoeksen. Moarns by de earste brogge liezen wy yn ‘e hûs trou út dit Bibelboek. Sadwaende moast de ynhâld my wol tige eigen wurde. Sa kaem ik yn de rige fan de Birimers.” In fiks tal fan Christlike lieten hat er óf sels makke óf oerset út ‘e bundels fan Johannes de Heer en oare. Party dêrfan binne opnommen yn it sjongboekje “Hwa sjongt mei” en dy binne jierren lang songen yn skoallen, forienings, kriten of thús by ’t oargel. Ek oare útjeften hat er forsoarge, dêr’t ik fan neam: Loddespitten 1911; Foar de Fûst wei 1914; Ropta; It Soenhús.
Doe’t yn Nowimber 1915 de Jong Fryske Mienskip stifte waerd, wie Wybenga earst in nijsgjirrich waernimmer en it jiers dêrop sluet er him der by oan mei syn freonen M. S. E. Visser en E. B. Folkertsma. Lang lykwols hat hy him yn dat formidden net thús field; om’t hy út in oar prinsyp libbe, as dat yn de Mienskip huldige waerd. Jierren lang hat er in warber lid west fan de selskipscommisje: “Us Tael Omheech” mei Visser en Bonga. Yn dy namme “Us Tael Omheech” lei Wybenga syn hiele Frysksinnige oertsjûging. De tael gie him oan it hert, doe wie er al en syn hiele libben is er bleaun Taelstrider. Fan wider omfieming fan de Fryske striid woe hy net folle witte, ek yn letter jierren net.
Ik kin net in folslein oersjoch fan syn libbenswurk op it mêd fan ‘e Fryske striid jaen. Lit ik noch sizze meije: Hy wie yn 1922-1924 samler fan it tiidskrift: “Yn ús eigen tael,” dat doedestiids swier wurk wie. Hy hat der sa’n noed foar stien en soargen mei hawn. Hy skreau yn ‘e lêste jierren yn ‘e “Stim fan Fryslân”, meast koarte forhalen. Allyksa yn it “Fries Dagblad”. Ek wie hy meiwurker oan de “Nieuwe Dokkumer Courant”, en publisearre ferskes, forhaeltsjes en lânboustikjes.
Hy wie ek foarsitter fan de Kristlik Fryske Folksbibliotheek; dêr hat er him tige foar ward. Syn lêste wurk hat west, it neisjen fan twa hânskriften, dy’t ynstjûrd wiene foar de jiergong 1949.
Mei Wybenga is hinnegien in warber taelstrider, in bijeftige sjonger, in ienfâldich mar leafhawwend soan fan Fryslân. Mar neffens eigen tsjûgenis is hy nou boarger yn it Hemelske Ryk. Hy wist antwurd op ‘e frage: “Hwer leit des Christens Faderlân”.
De 14de Sept. 1948 hawwe famylje, freonen en doarpslju Anders Wybenga to Wetsens to hôf brocht. Om twa ûre roun it oerâlde tsjerkje hast fol. It gemeentebistjûr fan Oast-Dongerdiel, de Fryske Biweging, de Kristlik Fryske Folksbibliotheek en mear corporaesjes wiene oanwêzich. Midden op it hôf, Noardkant tsjerke, hat Wybenga syn lêste plak op ierde krigen, dêrre neffens syn eigen bigearte.
Op Wybenga is fan tapassing psalm 45 : 2:
“It herte trillet my fan goede wurden; ik siz myn dicht foar de Kening; myn tonge is de pinne fan in feardich skriuwer.”

Dokkum. S. E.Wendelaar Bonga.

út: Ljocht oer ’t fjild
Fersen fan lân en bidriuw
fan
A. M. Wybenga

Rige
Sier en Sied fan Fryske kunst en stúdzje
nû. IX

Utjown to Assen by
Van Gorcum & Comp. N.V.
MCML (1950)

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie