Singel 2

Dit is het hûs by de eardere twadde barten, sa’t dy brêge earder neamd waard en wer ’t no in dûker yn ‘e Nijewierster feart leit. Hjir wenje Piet Opdam (1947) en Akkie v/d Werff (1953). It hûs stiet suver wat yn ‘e bedelte fan de krusing Singelwei en Bartenswei.
Piet Opdam hat yn 1997 it hûs oerkocht fan de famylje de Boer. Opdam hat hjir troch ferbou syn Boukundich Advysburo foar tekenjen en ûntwerpen festige.
Akkie is opliedingsfunksjonaris yn ‘e sûnenssoarch. Koartlyn is der in tige slagge útwreiding west fan de besteande garaazje, mei in wenromte en in prachtich terras.
It gehiel is dutsen mei holle reade dakpannen, passend yn it gehiel. Omdat it wenstee in lange skiednis fan bewenners hân hat, wie it foar ús oanlieding der wat djipper op yn te gean. De measte doarpsbewenners sille grif noch wol witte dat de eardere wei fan de Singel ôf trochrûn by de feart lâns, nei de stjelp fan de famylje J.de Groot oan ‘e Grytmanswei. Dy wei stiet ek al op in kaart fan Eekhof fan 1949 mei de namme ‘de Kloosterweg’. Ek steane der twa huzen op yn ‘e hoeke wêr ‘t de wei him fan de feart ôfbûcht, it lêst bewenne troch de famylje Lubbert Minnema.
Yn it kader fan de ruilferkaveling is de lêste brêge, dy ‘t fan 1915 wie, plat makke mei de oanlis fan de no besteande dûker yn de feart. De Bartenswei is doe ek trochlutsen nei de Grytmanswei ta, dy ‘t yn 1849 noch Annewei hiet. Feitlik is it spitich dat dy histoaryske nammen net beneamd binne mei de strjitnammejouwing yn 1972. Neist it hûs fan Piet Opdam leit in stik greide dat de namme ‘De Hege Twa pousmiet’ hat. It makket ûnderdiel út fan de hege opslike klaairêch dy ‘t fan Ealsum oer Wetsens, Nijewier en Ropta rint nei Ljussens. It wurdt nijsgjirrich hoe ‘t it hjoeddeiske hûs hjir har plak fûn hat. Sûnt 1952 hat it inkeld in wenbestemming. De famylje de Boer, de foarlêste bewenners hawwe yn 1993 it hûs oerkocht fan Filippus Th. Fokkens en Klasina Postuma, dy ‘t ek troch de ruilferkaveling in stik fan de eardere wei oankocht hawwe fan eardere gemeente East-Dongeradiel, sadat it kadastraal kaam fan 5 are en 5 ca, op 13 are en 42 ca.
Sy ha it hûs, dat fungearre as twadde wente, wer kocht fan it echtpear Uthe Bonnert en Gerhard Hinrichs, dy ‘t phärrer (dûmny) wie yn Dútslân. Dy hiene it, yn 1979, wer oernommen fan de famylje Gustave Adolph Rheingans, keapman yn Amsterdam.
De famylje Rheingans, dy ‘t it hûs ek as twadde wente brûkt, hat ek besocht it yn de âlde styl te bewarjen.

De beam, dy ‘t neist it hûs stie, wie fol timmere mei âlde klompen, sadat it hûs dat no nûmer I.43 hie, de namme ‘It klompehûske’ krige fan de doarpsgenoaten. Sûnt 1925 stiet de famylje Gerrit Miedema te boek as eigner.
Dy wie garnier en hie ek in bokken dekstasjon foar geiten, dy ‘t yn dy tiid rom fertsjinwurdige wiene yn ús doarpen. Der waard ek wol ris sein dat it ‘de koe der armen’ wie. Sa sil ek wol de namme fan de bokkebrêge, foar de twadde barten, ûntstien wêze. Dan wurdt der ek fermeld, dat, earst nei hierder west te hawwen, de foarige eigner Tjalling Gerkes Kampstra ‘der sloping en herbouw’ oergiet om 1918 –1920 hinne.
It perceelsnûmer wie doe B 1209 en de grutte 6 are en 46 ca. It jout hast te tinken dat it eardere spul doe ôfbrutsen is dêr’t somtiden ek twa húshâldings yn wenne. Mooglik is doe ek in part fan de grûn brûkt foar de opheging fan de ta-ritten fan de hege brêge. En dat doe it hjoeddeiske komelkersspul op ‘e nij boud is. It is wol opmerklik dat it plak lân, dat doe foar de glêzen lei neist de wei nei de Singel, de namme ‘de Modderkamp’ hat. It leit ek frij wat leger dan de oare greiden.
Soe it yn ‘e midsieuwen ôftichele wurden wêze foar de stienbakkerij foar it eardere kleaster Sion? It feit dat it eardere fuotpaad fan de Wetsumer opslach oer it Heech oer slop en taai en sa neist de hege twa, lâns de Modderkamp op ‘e Singel útkomt oanjout dat dit it gaadlikste paad west hat. A. M. Wybenga neamt it ek yn ien fan syn gedichten.
Dat wie yn de tiid dat de measte wegen net-ferhurde modderreden wiene. Fan 1885 ôf is de famylje Gerke Kampstra fan heit op soan eigner-brûker fan it hûs en hiem fan it eardere stee. Wer earder, yn 1876 is it Johannes Geerts Braaksma, dy’t it yn 1853 keapet fan Johannes Jager, gardenier yn Niawier. It nûmer is no 13. Dy hat it yn 1832 oernaam fan Jan Jacob Jansma, landbouwer te Niawier. Om fierder te kinnen moatte de floreenkohieren rieplachte wurde om eigners en gebrûkers te witten te kommen. It wurdt dan oantsjút as Sathe no. 9 kadastraal bekend no. 9 B 598 groot 5 bunders is
14 pondematen bezwaart met 2 florenen. In lange rige eigners, sa as Generaal Jonkheer van Burmania en meardere adelike famyljes komme wy tsjin, lykas Heer Goslinga en Mevrouw Goedaüs, dy’t belang hiene foar it stimrjocht dat de Sathe hie. Der wurde ek in grut tal gebrûkers neamd, Pieter Keegstra, Harmen W. Miedema. 1818 eigenaar gebruiker, G. J. Siccema, Gerrit B. Dijkma, Harmen Wytzes, Former Thomas, Rinse Keegstra, Minne Rienks, Jan Jacobs, Jan Rinskens en Rinske Jans. De floreenkohieren dy ‘t om de tsien jier opmakke waarden, geane tebek oant 1640. Fan dêrôf is der sprake fan in hornleger, groot 14 pondemaat ferdield yn 2, 4 en in 8 pounsmiet. De 2 pounsmiet wie frij seker de Hege Twa. Dat wie wichtich as hornleger, dat wie it hússtee dat stimrjocht joech. Aardich is ek te lêzen dat by de situaering fan it perseel skreaun wurdt: ten oosten van het voetpad. Foar inkele famyljes de mooglikheid om ynfloed te hawwen en te hâlden yn ferskate fermiddens. Ut it register fan Oanbring (1580) blykt dat Nijewier 20 pleatsen hie, dêr ‘t der 19 hearre by it kleaster Sion. It jout oan dat de kleasterlingen, dy ‘t hjir fan 1180 ôf oant 1580 hjir wurke hawwe, de ûntwikkeling yn ús omkriten oanpakt hawwe en de earste buorkerijen stifte hawwe. Nei de Reformaasje is om en ‘e by 1580 it kleasterbesit fan goed 2200 pounsmiet yn hannen kaam fan de provinsje Fryslân.
Dy hat de kleasters sloopt en it lân ferkocht, ek mei om jild binnen te krijen foar de oarlochsfierding. Sa hat ek dit stee lange jierren mei har bewenners in wichtich part skreaun te de skiednis fan Nijewier.

It Kleaster Sion (Singel 43 )
Op ‘e terp, wer ‘t yn ‘e midsieuwen it kleaster Sion stien hat, stiet no de huzinge en bygebouwen sa’t se no noch te sjen binne. Hjir wenje Jan, 10-12-1964, en Jenny, 21-10-68 Boonstra-Holwerda, mei harren trije bern Janine, 9-1- ’96, Jesse, 15-12-97 en Rianne, 4-7-’99. It hûs mei skuorre stiet yn it midden fan it kleasterterrein wer fan de radialen fan de terp noch goed te sjen binne. Oer de kleastertiid sels hope wy noch wolris wer nijere ynformaasje boppe de tafel te krijen. Doe’t yn 1580 it kleasterbesit ferkocht waard, binne it lân en de gebouwen ferkocht. Fan Teake Minnolts wurdt der beskreaun, dat dy it kloosterkerkhof had gekocht en de tot landt hadde gemaeckt. Hoe as it kleaster der krekt útseach is min nei te gean. Mar yn Noard-Dútsklân moatte noch foarbylden bestean. Fêst hie it kleaster ek eigen buorkerijen want feitlik wiene se sels fertsjinjend en it besit wie san 2200 pounsmiet. Op de kadastrale kaart fan 1813 steane de twa grutte pleatsen op it kleasterterrein, mei in skuorre en in dûbele foarein. De pleats dy’t stie op it ôfgroeven leech, by de feart lâns, sil frij seker ôfbrutsen wêze doe’t dit part fan’e kleasterterp ôfgroeven en as terpierde ferkocht wurden is. Der is sprake yn ‘e floreenkohieren, fan ‘één plaats op het Clooster, en van één plaats in het Clooster Zion’. Yn it hjoeddeiske gebou fan de famylje Boonstra sitte noch hiel wat âlde friezen, dy’t grif noch fan it ferdwûne kleastergebou binne en de eardere pleats dy’t hjir stie. Wy wolle ús dan ek yn haadsaak rjochtsje op dizze pleats, de bewenners en de skiednis der fan. It mei dúdlik wêze, dizze skiednis rekket nea ôf. Grûn- en omjouwingsûndersyk soe no nije saken oan it ljocht bringe. Yn 1640 stiet as sate no.4 Clooster Sion eigner is Michiel Freerks tot Dokkum, dy’t curator wie oer 4 kinderen Opt Tjerx. Hierder is Rienk Minnes. Yn 1700 is der sprake fan ‘een State tot Sion yn’t Clooster’, groot 73 pm., eigners  Burmania en Wed. Humalda. Dan is Minne Rienx, frij seker de soan, hierder mei in belestingomslag fan 25 florenen en 14 stuivers. Deselde Sathe is yn 1738 yn eigendom by Wikjen Minnema en Ernste Rienk Minnes, altyd noch 73 pm. grut. De floreenkohieren waarden om de 10 jier, somtiden om de 20 jier wer fêstlein. It soe op dit plak te folle wurde om dy allegear op te neamen, se binne fansels wol bekend. Alle keren komme wy de omskriuwing tsjin, ten zuiden de weg, ten noorden en ten westen de vaart, dit wie de Nijewierster opfeart. Ferskate eigners komme wy tsjin. Yn hoefier as dizzen ek sels buorken is net altyd like maklik nei te kommen. Mar frij seker is Eabe Eabes mei syn frou Grieti Clasen eigner of hierder west fan ien of fan twa pleatsen. De grêfstiennen fan 1675, dy’t koart lyn foar it ljocht kamen yn’e Herfoarme Tsjerke, sprekke fan ‘een Zionsburger’ en it kleaster Zion wie in eigen doarpsmienskip om 1600 hinne. Yn 1818 is der sprake fan in hornleger wer as eigners fermeld wurde Pieter Westra, Simon Klaazes Kloostra en Pieter Klaazes Kloostra. In hornleger wie fakentiids in stee sûnder grûnbesit. Mooglik dat yn ’e foarein fan ‘e pleatsen meardere húshâldingen wennen. Anders Barwegen hat ús noch ferteld dat op it leech, foar de ôfgravings by de feart, noch lang in dûbel hûs stien hat mei de glêzen nei it westen út, de foarein fan de eardere pleats. Yn 1858 is Japke Klaazes Kloostra, mei harren bern eigner, wylst Harke Jans Douma mei syn bern Gepke, Klaas en Tryntje yn 1874 ek neamd wurde as hierders fan Zathe no.4, kadestraal B.602, groot 26 bunders. It mei dúdlik wêze dat de Kloostra’s harren namme yn 1813 oannommen en ûntliend hawwe oan harren plak fan wenjen en libjen. It docht bliken dat om 1835 hinne, der ferskate eigners west hawwe, want dan is der sprake fan in hûs, grut 6 are en 60 ca. Wy komme as eigners Albert Aegles Alberda, Landbouwer te Nijewier, Jacob Jacobs Posthumus, timmerman te Mitslawier en Cornelis Gerrits Brunia te Mitslawier tsjin. Ek is der yn 1838 sprake fan ôfbraak en grinsferoaring. En ek wurdt de bongerd apart neamd, grut 12 are en 50 ca., wer by Roelof Jacobs Posthuma as erven-eigner neamd wurd. Yn 1895 is der wer sprake fan in skieding, eigner is dan Johannes Piers de Groot út Dokkum. Yn 1895 is Ruurdtje Sytzes Talsma, de widdo fan J.P. de Groot eigeneresse fan ‘Huis en erf, 76 en 75 ca. en bouwland en schuur, groot 28 are en 19 ca.’, hûsnr. 23. Yn 1916 is Wierd Willems Wiersma eigner en dan is der sprake fan sloping van de schuur. De foarein fan it hûs fan no bleau bestean, wylst de skuorre sloopt waard en it skuorrestee útgroeven. Ek is it frij seker, dat de terpgrûn ferkocht is. Yn 1922 is Wietze Sipkes v/d Woud ‘eigenaar van huis en erf, hok en bouwland’. It hûsnumer is nr. I 41. Dernei, yn 1925 wurdt it hûs nr. I 48 en wurdt it ien hûs. It wurdt oerkocht troch Tsjalling Jacobs Holwerda, berne 26-5-1887, dy’t troud wie mei Jantje Talsma. De húsnûmers waarden letter fan I 34, I 42, troch ferbou en bybou. De foarein fan ‘e âlde pleats waard alhiel ferboud. Fanôf it kleaster Sion, sa ‘t it plak de namme libbem hâldt, is it transport- en ferhúsbedriuw fan Holwerda en soannen ûntstien. De nij boude skuorre waard it ûnderkommen foar de frachtauto’s. Yn 1969 is de âldste soan, Jacob Tsjallings Holwerda, eigner bewenner. Hy is troud mei Jantsje Holwerda-Bos. Yn 1985, as it transportbedriuw al festigingen hat yn Dokkum, Drachten en Emmeloord, nimt Sipke Wiersma, út Dokkum, dy’t troud wie mei dochter Jantsje Holwerda, it hûs mei stee oer fan skoanâlden. Sy ha it hûs ek wer oanpast oan ‘e tiid. Yn 1996 binne Jan en Jenny Boonstra-Wiersma de nije bewenners wurden fan it ‘Kleaster Sion’, Singel 43. It lân rûnom it hûs is lyts 2 pm. It is in bysûnder plakje om te wenje, as jo tinke oan eardere tiden en de rykdom fan de histoarje jin tasprekt. Dit wie yn it koart in ferhaal fan it plak en de bewenners, dy’t nei de kleastertiid hjir wennen, libben en stribben. Dy’t mei leed en lok, mei soarch, noed en moed harren wei en paad troch dat libben gien binne. Mei tank oan allegearre, dy’t ynformaasje ferskaffe woene.
In foto  út ‘e jierren ’20, de foarein fan de eardere pleats op Sion. De foargevel stie de eastkant út. Troch de famylje Holwerda is troch fer- en nijbou it hûs mei bedriuwsrûmte wurden sa as it no is.

Oan dizze foarein fan ’e pleats sieten earder twa gevelstiennen. Ien derfan wie: In 1717 i deez eerste steen gelegt door Thomas Diercks oud 5 Jaaren.De twadde wie: T R. T B. HER Eyse Wylt. Ynge van Dvy G.E.L. Kelder Tot Sion 1533.

Dat wie de funksje fan proviandmaster. De keunsthistoarikus-argeolooch Pieter Glazema ûntduts yn 1938 dizze stiennen mei in ek ynmitsele Kapiteel. De direkteur-konservator fan it Frysk Museum fan doedestiids, Dr. Abraham Wassenbergh, waard warskôge en dy hat der foar soarge, dat de beide gevelstiennen yn it Frysk Museum kommen binne en it Kapiteel yn it Tsjerkemuseum te Janum. Dêr binne se no noch te sjen.

Jan Walda

Copyright © Jan Walda

Bron: Publicatie in “Doarpskrante fan Nijewier – Wetsens”

Singel

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie