Emigraasje nei 1945

 

Mei de fiering fan Simmer 2000 yn Fryslân binne der hiel wat emigranten werom west nei harren heitelân. Mei dertroch hat de emigraasje oeral rom omtinken krige. It wie in byld werom nei Fryslân, in feest fan herkenning en weromsjen. Yn de foarige doarpskrante fan maaie neamde Ouwe Weidenaar ek al inkele famyljes dy’t nei 1945 emigrearre binne. Disse bydrage is bedoeld om te probearjen in byld te krijen hokker famyljes en persoanen doe fuort gien binne. Mooglik is it net alhiel folslein mar dan hearre wy dat noch graach. It wol yn it koart en beheind in byld jaan, hoe wy as skoallebern it ûndergienen, dat in protte freondinnen en freonen mei harren âlders in nije takomst sochten yn in oar lân, en om sa echte lânferhuzers yn ‘e frjemdte in nij bestean op te bouwen. Troch de rin fan ‘e jierren hiene de skoallen fan Nijewier en Wetsens yn 1945 om en
‘e by sa’n 150 learlingen. Hjir wiene ek flechtelingen by út ‘e omkriten fan Arnhem, troch de oarloch ferdreaune, saneamde evakuees. Dêr neist wiene der saneamde hongerflechtelingen, foar in grut part út Amsterdam.
Al gau nei de befrijing yn 1945 gongen de evakuees en de bern út Amsterdam wer werom nei harren hûs en wenplak. Mar it duorre net sa mâle lang dat der wat oars op gong kaam, emigraasje nei Kanada en oare lannen ta. In protte famyljes lieten harren foarljochtsje, meast troch de Kristelike Emigraasje Sintrale, en dêr mei waard de stap setten om te emigrearjen. Meastal moast yn in wike as wat besocht wurde noch wat fan de Ingelske taal op te stekken. Hie men in eigen hûs as nearing, dy waard ferkocht en oerdien. Wer oaren seinen de tsjinst as de hier op by harren wurkjouwer. Soms waard der ek boelguod hâlden.
It docht gjin nij dat dit grutte gefolgen hie yn de lytse doarpsmienskippen doe’t ferskate húshâldingen fuort giene. De skoalle en de beide tsjerken yn it doarp ferlearen yn koarte tiid hiel wat learlingen en leden. It stiet ús noch by dat as der wer in gesin of immen allinne fuort gie, der sneins dêr foar yn ‘e tsjerketsjinst omtinken oan jûn waard. Mei in segenbea en it steande tasjongen fan in psalmfers waard der fan de famyljes en minsken ôfskie naam. It needsakelike guod dat mei moast, en wat húsrie waard yn grutte ferhúskisten pakt, dy’t ticht timmere en fersegele waard. Dizzen waarden per frachtauto meastal nei Amsterdam of Rotterdam ferfierd, om fan dêrwei mei de eigners oer de oseaan nei de nije bestimming ta.
Efterôf besjoen sil it doch wol hiel wat west ha, famylje, freonen, kameraden en kammeraatskes gean en achterlitte te moatten. Ferieningen ferlearen harren leden, lykas de muzykferiening, de sjongferiening en ek de protte tsjerkelike klups en ferienings dy’t der doedestiids wiene. Mar ek de middenstân, lykas winkellju, slachters en bakkers, om mar inkele te neamen hiene der mei te krijen, omdat troch it tebek rinnen fan it ynwennertal der gâns minder nimmers wiene. Wer letter hie it plattelân te meitsjen mei migraasje nei de yndustry gebieden ta. Ek dat brocht mei, dat troch skaalfergrutting de feroaringen hurd gien binne. Wy ha yn it koart wat opskreaun, hoe’t it op ús oerkommen is dat safolle minsken yn dy jierren harren bestean sochten en faaks ek fûn ha yn oare lannen.
Wy ha besocht de húshâldingen en de persoanen dy’t de stap doe setten út Nijewier en Wetsens op te skriuwen foar safier wy dy noch achterhelje koenen.
Johannes Iedema mei 7 persoanen nei Kanada
Meine Westerhof mei 8 persoanen nei Kanada
Folkert Postma mei 6 persoanen nei Kanada
Hendrik de Vries mei 8 persoanen nei Kanada
Hendrik Hellinga mei 7 persoanen nei Kanada
Lubbert Wijma mei 7 persoanen nei Kanada
Willem Wessels de Vries mei 8 persoanen nei Kanada
Oege v/d Hoek fan Wetsens mei 7 persoanen nei Kanada
Romke v/d Kloet mei 4 persoanen nei Kanada
Rindert Mulder mei 4 persoanen nei Kanada
Jacob Fokkema fan Wetsens mei 6 persoanen nei Brazilië
Dyjingen dy’t earst trouden en dan tegearre of selsstannich fuortgienen, wienen nei Kanada:
Jan Slagman, Nutte v/d Woud, Janny Weidenaar, Betske v/d Meulen, Jikke Faber, Piet Biersteker en Geert Sijtsma.
Nei Nij Seelân giene Pieter Willem Boersma en Klaas Holwerda.
Sa binne dat der mear as 80 persoanen, wat dochs wol in grutte ynfloed hie en grutte feroaring meibrocht yn de doarpsmienskippen fan Nijewier en Wetsens.

Jan Walda

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie