Jeugd It Hokje laat van zich horen naar gemeente
Bêste jeugd en/of feestkommisjes fan de Dongeradeelse (NEF) doarpen, mar ek oare doarpen dy’t har roppen fiele,
Nei oanlieding fan ûnder oare it ôfskaffe wollen fan de jeugdroutes foar de fersierde weinen ha wy nei de Admiraliteitsdagen in iepen brief op facebook pleatse oan boargemaster Waanders. Yn dizze brief, hjirûnder taheakke, skriuwe wy dat wy fine dat de regels foar doarpsfeesten ûnnoadich skerp binne wylst yn de stêd Dokkum in soad liket te kinnen.
Yn koarten sille wy, op útnoeging fan Waanders sels, mei de boargemaster om de tafel hjiroer. Graach soene wy ek út jim namme sprekke en ús stipe fiele troch jim. Yn it earste plak wolle wy ynsette op it behâld fan de fersierde wein optochten en it útwreidzjen fan benammen de jeugdroutes. Wy fine dit in soart kulturiel erfgoed dat in grutte ympakt hat op de jongerein en neffens ús heard by de plattelânskultuer. Mar faaks is der noch folle mear wêr’t wy oer prate kinne. Wy wolle jim freechje om dizze brief sa gau moochlik yn jim doarpsbelang, feestkommisje en jeugdhonk te besprekken en ús in reaksje te stjoeren.
Graach heare wy of jimme it mei ús iens binne en of der faaks noch punten binne dy’t wy neffens jim meinimme kinne.
Wy sjogge jim reaksjes graach yn ‘e mjitte as privéberjocht op facebook of as mail op ithokjenijewier@gmail.com .
Mei freonlike groetnis,
De jeugd fan Nijewier
————————-
Plaats een Reactie
Meepraten?Draag gerust bij!