Jo silt it mar beleve . . .

Dit is de plek voor  “sterke ferhalen” over vroeger of nu uit het dorp of uit de omgeving. Heb je een verhaal?  Stuur die op naar de website (zie pagina contact ) en het wordt op deze pagina gepubliceerd.

It kin yn it Frysk of in het Nederlands!

Stokje

Ja, jimme lêze it goed hear…Stokje…dat is de namme fan it ferhaal, dat ik jimme
út ‘e doeken dwaan sil.
Faaks hawwe jim al tocht, no is ‘t him fêst in bytsje yn ‘e kop slein, mar sa sit it net.
It siet sa, ik siet goed fêst dizze kear, om in stikje foar de doarpskrante op it aljemint te krijen.
En ferdoarje, doe sa mar yn in petear, waard it wurd..’stokje’ neamd en klear wie ‘t. Ik hie myn ferhaal!
Want ‘Stokje’, dat is in famyljenamme, in..Fan..sa ‘t dat yn ‘t Frysk neamd wurdt.
Ja, Napoleon, dy hat doedestiids wol wat úthelle hear. Elts moast sa mar yn iens in efternamme ha. Sjoch, as jo Dijkstra, Bos as de Jong hjitte, no moai net, en Nooitgedacht en Welbedacht giet ek noch wol, mar Soepboer, dat sit al wat op ‘e grins, en Naaktgeboren en Poepjes, ja dat docht de doar ticht, tinkt my.
Mar dit ferhaal giet oer de famylje Stokje. Se hawwe wenne op de pleats yn Wetsens, dêr ‘t Willem en Alie no buorkje. Foar Willem en dy, âlde Willem Sijtsma, Willem en Rieke, en foar de Sijtsma’s hat Auke Heeringa dêr buorke. Yn de twintiger jierren hawwe der wenne en buorke de famylje Stokje.
Ik leau dat dêr yn dy tiid twa pleatsen stiene, mar sjoch, sa’n ferhaaltsje op papier sette, dat komt net sa hiele krekt, as dêr ‘t it om giet mar bestean bliuwt.
Mar útsykje wa ‘t der krekt wenne hawwe en hoe ‘t de perselen ûntstien binne, ja dat moat tige krekt en it is och sa wichtich dat dat goed bard. Lokkich dat Jan Walda op dat mêd hiel wat foar ‘t ljocht bringt. Lit him mar stil wat trochplúzje!
Mar no de bruorren, Jan en Folkert Stokje. Jan hat noch lid west fan ús muzyk ‘De Bazuin’, mar Folkert dat wie eigentlik de pommeraut hear. Se hiene in hartstikke swiere motor, in Indiaan as in Harley Davidson, dêr wol ‘k ôfwêze, mar in allemachtich swier kring, sa wie ‘t al.
En at se no wat úthelle hiene mei de motor, wat net alhiel troch de bûgel koe, of in oare grap dat wit ik net, mar se moasten beide foar ‘t kantongerjocht ferskine yn Dokkum
Dat moat doe yn ‘t stêdhûs west hawwe. Yn ‘t midden fan dy seal, der ‘t se ferskine moasten, hong in swier grut kleed, at se dêr trochhinne stapten yn ‘e midden, dan stiene se fuort foar de grutte Hearen. Folkert sei: “Lit my mar earst”. No, dat gong oan, de deurwaarder brocht him troch it midden fan ‘t kleed en dy man die in lytse bûging en stapte doe wer tebek.
Mar Folkert, dy skrok him benei in aapke. Dêr sieten in man as trije fjouwer grutte Hearen yn toga, ja yn ‘t swart, mei in grutte wite bef foar, jonge…jonge… dit hie er yn syn hiele libben noch nea earder sjoen. Mar Folkert ferslein, o heden nee hear… doe ‘t de Hege mannen klear wiene mei Folkert, brocht de deurwaarder broer Jan foar de Hearen en krekt yn ‘t midden fan ‘t kleed, dêr moeten se elkoar.. Jan sei: “Hoe liket it dêr jonge!!” Folkert sei, sa lûd as er koe: “Net sa bêst jonge, dizze kinne sa fuort mei de klean oan yn ‘e deakiste!!”
Folkert krige in skop fan de deurwaarder ûnder de kont, (sjoch, soks koe doe noch, as in plysje no ien in terwinkel jowt, komt er sels yn ‘t kasjot). Mar Jan wie de pineut…..dy barste it út fan ‘t laitsjen, mar doe ‘t er de eagen opsloech, stie er lyk foar it grutte sanhedrin (om sa mar te sizzen). Nee, dit smakke ús maat net…mar de beide mannen hawwe der letter folle, folle wille om hân.
Wat alle jierren op ‘e nij in grutte pree foar de bruorren wie, se hiene yn de Slypstien sa wat 10 pûnsmiet lân te lizzen, mar dat lân hie rjocht fan reed oer ‘t Set, ja oer de brêge rjochtút by it Anders Minnes hûske lâns en dy brêge ‘It Set’ wie yn dy tiid noch in echte houten Tille.
No, de lêste weide hea, de lêste reed hea, dêr kaam de swiere Harley foar. No tinke jimme ris efkes yn. In grutte weide hea op in wein mei sokke houten tsjellen mei izeren hoepen, mei sa’n âlderwetsk hearamt en dan yn ‘t fjouwerkant loege, dat wie op him sels al in keunststik, want der wiene doe mannen dy wiene dêr tûk yn hear! Gjerrit Miedema bygelyks, dy loege in weide hea, dat wie krekt in fjouwerkant, ja ik doel op Gjerrit, dy ‘t yn ‘t klompehûske wenne hat, dy wie dan by âlde Brunia yn ‘e ûngetiid en dy weide hea wie sa breed, dan moasten se mar ôfwachtsje as der troch de skuorredoarren koe. No, sa’n weide hea, de lêste fan ‘e ûngetiid, dat wie gebrûk fan de bruorren Stokje, dêr kaam de swiere motot foar. Folkert op de motor en Jan en in arbeider op ‘t foarkret fan de wein. Want sjuch, at Folkert it rêde en de weide hea wie boppe op ‘e Tille, dan moasten de beide mannen as de miter fan de wein springe, de rêch der tsjinoan, want oars kaam it by de Tille del op ‘e harsens ferkeard. Se moatte dit faker as ien en twa kear lapt hawwe. Se hawwe wol ris sein dat it doarpen fier skreaude. No, dit wie it ferhaal fan Folkert en Jan Stokje yn de twintiger jierren, wenne yn Wetsens.

O. Weidenaar

Fan Nijewier nai Dakar

Ferslach fan de reis troch Afrike fan Henk Meinema
It wie op in klaverjasjûne yn Nij Sion doe ‘t Sikke Koster my lekker makke foar dizze reis. Yn de auto fan Ljouwert nei Dakar yn Senegal. Mei de auto, dwers troch de Sahara like my machtich. Gelokkich wie Tsjikke der ek foar yn, sadat ik 18 febrewaris 2000, moarns om kertier oer sânen mei Sikke fuortried út Nijewier yn in âlde Renault Nevada. Njoggen oere moarns soe de groep fan 17 persoanen en 8 autos fersammelje yn Joure. De measten hiene wy earder moete op in ynformaasje gearkomste. Minsken yn ‘e leeftiid fan 20 tot achter yn ‘e 50. Der binne in pear steltsjes by. De measten binne wol faker op reis west. De eftergrûnen binne hiel ferskaat: û.o. in ûndernimmer fan in stukadoarsbedriuw, in sjoernalist, in psychiater, in restauranthâlder, in boerinne en net te ferjitten in útfiner en postboade. Nei in bakje kofje stekke wy ôf richting Parys. It wurdt donker en it reint. Op de ringwei om Paris hinne is it in toer om byinoar te bliuwen. Wy ride bumper oan bumper. Wy sliepe yn Blois, sawat 2 oeren riden ûnder Paris en ha 846 kilometer op ‘e teller. De twadde nacht sliepe wy by Madrid yn Spanje. Dat wy de earste dagen dan ús reis de sokken der yn ha soenen, wie bekind. Ien kear yn Afrike soene wy it rêstiger oan dwaan. Wy ride troch it moaie Spaanske lânskip, de Sierra Nevada mei syn snie op ‘e berchtoppen en troch it deade Andalusia. Lâns de Middellânske See ride wy troch it toeristyske Malaga en Torremolinos. Omdat de iene nei de oare pech hat, rêde wy it net op om jûns noch mei de boat oer de ‘Straat fan Gibraltar’ te faren. De oare deis, wy ha ûnderwilens sa’n 2700 kilometer op ‘e teller, fare wy yn trije kertier nei Marokko.

Of eigentlik hjit it hjir noch net Marokko, it noardlikste stikje is noch fan Spanje. Troch de heuvels sjogge wy ferskate Marokkanen dy ‘t probearje oer de grins nei Europa te kommen. Wy sjogge dat er ien pakt, yn elkoar slein en dan yn in buske ôffierd wurd. Flakby de grins sitte in soart minsken mei hannel. It fariearret fan koekjes oan ‘t dekbêden. Wy ride nei Casablanca, in stêd fan mear as 3 miljoen ynwenners. Underweis is it heuvelich. It hat krekt reintiid west, dêrom is alles sa grien. Dit is it lânbougebiet fan Marokko. Hjir wurdt ûnder oaren graan, oliven, citrusfruchten, sûkerbiten en sûkerriet ferbout. Yn Marokko binne it echte swietbekken. Se ite de man sa’n 32 kilo sûker yn it jier. Froulju ferkeapje huodsjes en klean yn moaie kleuren. Yn Casablanca sykje ik mei ien fan de organisatoren in hotel. In protte binne sletten of binne te djoer. It wurdt in hotel ‘min’ 2 stjerren. Nachts op bêd tink ik noch oan de man dy ‘t ik seach mei syn draaide fuotten. As er foarút rûn, like it as rûn er efterút. Gelokkich binne dy dingen by ús better regele. De oare deis besykje wy de grutste moskee fan de wrâld yn Casablanca. Efternei docht bliken, dat Tsjikke thús, deselfde dei de moskee op de televyzje sjocht. Mei de moskee foar my en de see efter my sit ik lekker yn ‘e sinne (21C). Allinnich de moslims meie yn de moskee, dy ‘t plak jout oan 25.000 minsken en op it balkon kinne nochris 6000 froulju sitte, dy meie der nammentlik net yn. Kening Hassan fûn it net slim dat de earme minsken hjir in miljard gûne opbringe moasten foar dit gebou. Wy komme yn Marrekech, ien dan de moaiste stêden fan Marokko, sa sizze se, mei sa’n 800.000 ynwenners.

It marktplein is in oanienskeakeling fan hunderden kreamkes, wêr ‘t jo ite kinne. Der bart fan alles: it ferkeapjen fan krûden, der is musyk, der binne akrobaten, wiersizzerij en kwaksalferij. Sels bisten wurde der by belutsen. Ik seach ien mei in stikelbaarch omgoecheljen. Meiïlkoar ite wy dêr cous-cous, kebab en fisk, mei wyn yn in cola-fleske. (Yn in Islamitysk lân meie se gjin alkohol drinke, yn elts gefal mei in oar it net sjen). It is der smoardrok, wat ús in machtich moai útsicht jout. Om in oere as tolve lis ik op bêd yn myn sliepkeamer mei moaie tegeltableau’s en in binnenplak mei sinaasapelbeammen. Wy geane fierder dwers troch it hege Atlasgebergte (4100m). De bergen ha ferskate kleuren: read, grien en ferskate tinten giel (zandsteen). De bern klampe harren oan ús auto fêst. De ballonnen en pennen dy ‘t ik meinommen hie fan hûs, fine dan ek in soad ôftrek. Ait Benhaddour is in skitterend doarpke yn ‘e heuvels. Films as Jesus Christ Superstar en Gladiator binne hjir opnommen. Earrebarren nestelje op de heechste huzen yn it doarp. Hjir, yn ‘e heuvels fan Marokko binne kamelen, hagedissen, skorpioenen ensfh. Wy oernachtsje yn in tent, ite út blik (Aldi) by in kampfjoer en drinke in aardige slok tequila. Nachts stoarmt it. De oare deis sit alles yn ‘e tent ûnder it sân. Sunder te iten pakke wy yn. It waait hurd. Underweis besjogge wy op rotsen, tekeningen fan sa’n 3000 jier âld. Op it heechste punt meitsje wy wat bisûnders mei. Sa gau as wy de hannen boppe de holle halde, is it krekt as wy in wesp tusken de fingers gûnzjen hearre. It is in elektrostatieske ûntlading fan in tongerbui. Hiel frjemd.

It begjint hieltyd hurder te waaien. Rein en wyn en sân, sân, sân. Wy ride mei de lampen oan mar sjogge niks. Wy strânde yn Guelmin. Wy kinne net fierder. De diken binne net mear te beriden. De jûns hearre wy dat er in beste sânstoarm yn ‘e Sahara is. De oare deis ride wy richting kust. Regelmjittich sitte de autos fêst yn it sân. Der wurde shovels ynset. By it filmjen hjirfan, wurd ik oppakt troch militêren. Se ha myn film wist en nei trije kertier kin ik wer fjirder ride. Wy sliepe yn Tan Tan. In fersmoarche stêd. Offal wurdt yn de droeche rivier, dy ‘t neist de stêd rint, smiten. Se stelle kassettebandsjes en myn sinnebril út de auto. It is noch hieltyd skier troch it sân. Jo wurde der net fleuriger fan. Jûns yn Dakhla sliepe wy yn in soart stiennen hokjes op in kamping en siede sels iten. Wy geane te fiskjen yn de Atlântyske Oseaan. Ik ferlies alles troch de hurde wyn. Foarsichtich efkes swimme. Der stiet in beste streming en der binne hege golven. Wy besjogge noch in slachterij wer in hynder en in wein foar steanne, fol mei kamelekoppen, mei de eagen iepen en fan dy lange wimpers. In smoarge bende is it hjir.Tiisdeitemoarn melde wy ús om tsien oere oan foar it konfoai. Alles ten súden fan Dakhle, oant hast de Mauretanyske grins is militêr gebiet. Twa kear yn ‘e wike kinne jo dêr yn konfoai trochhinne. Se kontrolearje alles. Einliks, nei 6 oeren wachtsjen, ride wy mei sa’n 60 autos richting de Mauretanyske grins. Mei de militêren foarop ride wy de woestyn yn. It wurdt no echt ‘piste’ riden. Geregeldwei sitte wy fêst. Us autos ha oanklauwen. Wy komme noch twa posten tsjin.

By de lêste moatte wy ynfolje hoe folle jild wy by ús ha. Gelokkich hat Marius, dy dizze reis mei organisearret, hjir konnekties. Wy kamen nammentlik as lêsten oan, mar koene der as earsten wer út. Krekt oer de grins fan Mauritainie binne it allegearre krotten. Wy goaie wat ballonnen út de auto. Bern binne der gek mei. Wy ride nei de stêd Nouadhibou en sykje midden yn ‘e stêd in kamping. Wy sliepe yn in soart fan stiennen hokjes, wyls de lokale befolking, yn grutte blauwe en wite jurken, oernachtsje yn in grutte tent. De minsken sjogge der hjir moai út. Foaral de froulju mei harren fel kleurde jurken. De hûdskleur wurd, hoe súdliker wy Afrika yn komme, hoe langer hoe swarter. Wy geane nei in garaazje om in plaat ûnder de auto te lâskjen foar beskerming fan de motor. Dan ride wy, mei in gids, it ‘Niemandsland’ tusken Marokko en Mauretainie yn. De earste kilometers binne swier. In protte sân, dus faak fêst sitte. Dan folgje wy de âlde Spaanse koloniale kustwei. It wurd hoe langer hoe platter. Uneinige sânflaktes. Wy ride wol 100 kilometer yn ‘e oere en ride soms allegearre neist elkoar. It lêste stik wurd swidder. As wy plankgas yn ‘e earste fersnelling ride, bliuwe wy krekt net fêst sitten. As lêsten komme wy oan yn it oernachtingskamp by see: Tafarit. Gau lekker de see yn. Oant ik in grutte finne boppe wetter útstekken sjoch en my sawat deaskrik. Gelokkich binne it gjin haaien mar dolfinen. Mei in blinkerke ha ik noch efkes fiske. Samar byt yn dat kristalheldere wetter. De oare deis moatte wy yntiids fuort, omdat wy in hiel stik oer it strân ride moatte en dit kin allinnich by leech tij. Nei in oere riden komme wy by de earste dunenrige oan. De saneamde Azeffal dunen. Hjir dogge wy hast alle lucht út ‘e bannen, wêrtroch de autos minder gau weisakje yn it sân. Dizze dunen binne yn totaal sa’n 20 kilometer breed.

Se besteane út trije stroken fan sa’n fiif kilometer breed mei der tuskenyn stikken hurde ûndergrûn. Op in stuit binne wy de rest fan de groep kwyt. Yn de twadde plankgas trochride, fine wy ús gids gelokkich wer. Nei in fertraging fan in pear oeren, fanwege geregelt fêstsitten, komme wy yn Nouamghan, in fiskersdoarpke oan. Wy geane it strân op. Wy sjogge in protte fiskers mei harren ranke aluminium en houten boatsjes, wêr wy tuskentroch lavearje. Hjir en dêr leit deade, oanspielde fisk, kûgelfisk, in dolfyn en skildpadden. Oan it ein fan de middei komme wy oan yn Nouachott, wêr ‘t wy fan it strân ôf moatte. It is krekt as stappe jo yn in film. It is smoardrok. De fiskers fiere hjir harren fisk oan. It is in kommen en gean fan manlju mei op harren hollen bakken fisk. It binne allegearre minsken om ús hinne. In pear autos komme hjir fêst te sitten mar mei help fan in protte fiskers komme de weinen frei fan it sân. It stjonkt hjir ôfgryslik, mar it is hjir ek in belevenis. Tige grutte bearzen en oare soarten fisk sjogge jo hjir.

Wy oernachtsje yn in hotel en ta ús ferrassing kinne wy hjir ek bier keapje: f 15,00 foar in heale liter. Ik gean mei ien de stêd yn omdat twa autos makke wurde moatte. Wy komme yn in buurt wêr ‘t allegearre lytse garaazjes binne. It is der in grutte bende fan oalje en oare rotzooi. Der is sels in markthal, wêr as jo tusken de fisk, fleis en griente, autoûnderdielen keapje kinne. Fan út de auto binne wy wat oan it filmjen gien. Midden yn ‘e stêd binne wy troch ien oanhâlden, dy sei dat er in plysje wie. Hy hie gjin unifoarm oan, dat wy rieden troch. It waard in hiele efterfolging troch de stêd. Gelokkich koe ik him meastal wol foarbliuwe. Ien kear snijde hy my, dat ik wer yn myn achterút, der omhinne. Undertusken pikt hy noch in soldaat op. Uteinlik binne wy him dochs kwytrekke yn ‘e drokte. Nachts hâldden wy in grut kampfjoer yn de woestyn. De oare deis ferlitte wy de woestyn en komme oan by de Senegalese grins. It is hjir folle griener. Wy stopje by fiskers dy de rivier ôfsette mei harren netten. It stikt hjir fan de meervallen. As wy by de grins binne, wurde wy útnoege foar in bakje thee. Krigest altyd trije bakjes, bedanke is net fatsoenlik. Dan moatte de formulieren wêr regele wurde. Wy sliepe by in kamping oan see en ite gamba’s. Yn Senegal kinst wol alkohol keapje, (se nimme it hjir net sa krekt mei de Islam), dat in bierke gie der wol yn. Yn Saint Louis geane wy de jûns nei in soart diskotheek. Mei trommels sette se der in fêst ritme yn. Der wurdt in rûnte foarme en dêr yn kist allinnich dûnsje.

Ik bin der efkes lekker út myn dak gien. Der bart yn dizze stêd fan alles. Fiskers, keapmanlju, merken, bazaars. De minsken binne freonlik. Op ‘e strjitte kinst wol sjen dat de minsken hjir net âlder wurde dan gemiddeld 50 jier. Toch fyn ik de minsken der hjir fleuriger útsjen as by ús. De jûns op bêd hiene wy samar 4 publike froulju op ús keamer. Dy tochten fansels: hjir falt wol wat te fertsjinjen. Se wiene dan ek duvels doe ‘t se wer, sûnder fertsjinst, fuot moasten. De lêste dagen fûn ik it min of mear wachtsjen. Ik ha der sin oan om wer nei hûs ta te gean. De wyn komt fan út de Sahara en it is hjir 40c.Under it lêste stikje riden nei Dakar, wy ha dan sa’n 6000 kilometer op ‘e teller, feroaret de natoer hurd. Folle mear beammen. Faak binne it apebroodbeammen. De autos litte we achter, dizze wurde nammentlik ynset foar in projekt foar Foster Parents Plan. Wy nimme de boat nei Goree, in âlde Hollânske post foar de kust fan Dakar. Mei in tuskenlâning yn Toulouse, fleane wy nei Parys. Fan dêr mei de TGV trein nei Rotterdam. Sneontemiddeis, 10 maart, komme wy oan yn Ljouwert. Dizze reis wie in on-organisearre, organisearre reis. It rûn net altyd sa as ús programma oanjoech. Guon fûnen dit in ergernis. Ik wie bliid dat der rûmte wie foar eigen initiatief en dat net alles fêst lei. Foar my wie dit krekt de sjarme fan de reis. In machtige ûnderfining.
Fan Nijewier nei Dakar.
(Fast hiel oars as fan Moddergat nei Rome)

Henk Meinema

Bargeslachtsjen

It wie yn ‘e oarlochsjierren fan 1940 – 1945. As men wat ha woe dan moast men bonnen ha. Sûkerbonnen, bôlebonnen, ja ek foar klompen, fytsbannen, alles wie op ‘e bon.
As men wat weet hie, koe men sels wol bôle bakke en om brij te siden liet men jouwer plette by van der Heide of F. Dam. Hie men ferlet fan fleis dan waard der wolris in skiep of in kealtsje slachte, dat moast dan fansels wol stikem gean. It fleis waard yn in saneamde ‘wekflesse’ dien (frieskisten wiene der doe noch net) in laachje fet der oerhinne,
dan koe it wol efkes duorje. Mar om altyd kealle- of skiepfleis te iten, men hie ek wolris sin oan wat oars. Us heit hie ek in baarch yn in hokje, dat moast ek hiel stikem gean,
gjinien mocht it witte. Der kaam regelmjittich in kontroleur lâns om te sjen as alles wol kloppe. It fee dat men net oanjûn hie wie ‘swart fee’. Sa hienen wy doe in ‘swarte baarch’ yn ‘t hok, no ja, as er slachte wie dan wie it fansels gjin swart spek.
Wie de baarch grut genôch dan moast er slachte wurde, mar troch wa? Slachter Sije Visser en slachter Kingma, dy’t beide yn Dokkum wennen, wiene net sa benaud, dat dy kamen tegearre del, mei slachtersark en in sjitapparaat. De baarch waard slachte yn it hok dat Jappie, myn omkesizzer no brûkt as trekkerhok. Der wienen âlde sekken en kowedekken foar de ruten dien, oan ‘e bûtekant moast neat te sjen wêze fan wat der yn it hok barde. De doar kaam op ‘t slot.
Doe’t de baarch troch de kop sketten wie kaam er op ‘e seagebok te lizzen en koe it slachtsjen oangean. Us heit gie even yn ‘e hûs om wat waarm wetter te heljen.
Hie der doe de hoksdoar mar wer op ‘t slot dien, mar nee, en hoe wie ’t mooglik,
krekt op datselde momint kamen twa Dútske soldaten ús hiem oprinnen.
Se stieken regelrjocht op it hok ta. De beide Dokkumer slachters skrokken doe ‘t se de beide Dútsers yn it hok kommen seagen. Se besochten net skine te litten dat se no dochs wol benaud waarden, se seagen it al foar har; dat se troch de Dútsers meinamen waarden. Lokkich foel it ta. Yn Dútslân waard froeger en no noch, in soad thús slachte.
Dy beide Dútsers ha doe fêst tocht dat it by ús ek sa wie.. Se fregen wol om spek, mar dat wie der doe noch net. De slachters seinen dat se letter mar om in stikje spek komme moasten. Doe’t de baarch slachte wie moasten de siden spek yn it sâlt setten wurde en neffens my dêr fjirtjin dagen yn lizzen bliuwe. Dan waard it te folle sâlt der ôfspield.
Wy dienen dat moarns as it noch donker wie, yn ‘e blikke. Teminsten, dat wie ús doel.
Mar krekt, doe ‘t wy der mei dwaande wienen kamen Lieuwe Keegstra en Geart Sytsma der oan stowen. Se seien: ‘De Dútsers út Anjum sitte achter ús oan.’ Dat wie net bêst.
De kommandant waard ‘de hûn fan Anjum’ neamd. En soks sei genôch. Geart en Lieuwe fleagen it fjild yn, ús heit en ik der efteroan, beide in side spek op ‘e nekke.

It wie in stringe winter, de sleatten leinen fol snie. Ik sprong oer in sleat mei it spek op ‘e rêch, ús heit lykwols slagge dat net, hy bleau hingjen yn ‘e snie. Ik skuorde him it spek oer de holle en him op ‘e wâl. Wy bedutsen it spek mei snie. Us heit sei tsjin my: sjoch datsto fuortkomst. Fêst hat er tocht: se nimme Albert mei, dan kin ik allinnich melke.
Geart, Lieuwe en ik kamen net sa fier. De Dútsers sieten ús te ticht op ‘e hûd.
Se kamen neist it hûs fan ús buorman Willem Boersma wei en begûnen op ús te sjitten. Se lieten in hûn op ús los en sa hienen se ús gau te pakken. In boere-arbeider,
Lieuwe Keegstra, Geart en ik, twa jonges fan amper sechstjin jier. Se stompten ús mei de gewearen, se sloegen wêr ‘t se ús reitsje koenen, mar namen ús net mei. Miskien ha se yn ‘e gaten krigen dat wy noch mar opsketten jonges wienen. Sa rûn dat ek wer goed ôf. Foar ‘t selde hie in kûgel ús reitsje kinnen. Us heit hat letter it spek wer ophelle en it kaam te droegjen yn ‘de spekkast’ op ‘e souder, dêr ‘t de boazem trochrûn. Ek waarden de woarsten dêre droege.

As dy droech wienen, kamen se yn it hurdstee yn ‘e keamer te hingjen. Sa koe ús mem se mar krije ( en ik ek). Ik frege ús mem, hoe folle woarsten hingje der?
Dat wit ik net, sei se. Ik tocht, dit is myn kâns om der ris ien by wei te pikken.
Dit wie, fûn ik, gjin stellen. De Dútsers namen ek samar mei wat har goed talike.
Boppedat hie ik it spek mei ûnder de snie bedobbe, as it yn ús blikke lizzen bleaun wie, hienen wy it fêst kwyt west. Wy iten by ús thús moarns om tsien oere al waarm.
Faak gie ik healwei tsienen al yn ‘e hûs en frege as wy hast ite koenen, omdat ik hûnger hie. Us mem sei: gean hjir wei te seuren, tsien oere ite wy, der út. Undertusken hie ik al in grouwe woarst achter de kile. Ien kear koe ik sa’n grouwe woarst net op en stoppe de helte achter in spant yn ‘e skuorre. Sa hie ik de oare deis noch wat. Dit ha ik faker as ien kear dien. Us mem tsien oere mar roppe: komst ek noch te iten, hiest sa’n hûnger net?
Sy hie der gjin euvelmoed yn dat ik al in stik fan ‘e baarch yn ‘e mage hie.
Se sei: ’Bist net siik wol?’ Ik wist wol better. Se hat it noait witten en no kin ik it har net near fertelle, mar spyt ha ik der net fan. Us Geart, myn broer, hat hjir net oan mei dien
en dochs is er swierder as ik. Sa sjogge jo mar, dat stellen guod net altiten fertuten docht.

Skriuwer A. Kingma

Dit wier barde ferhaal spile him ôf op Wetsens.

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie