Toneel avond, er zijn nog kaarten te reserveren!
Doarpshûs Nij Sion te Nijewier
It sil wer as fanâlds “lachen, gieren, brullen” wurde, om it ferhaal fan Annie Zuiderhorn, in allinichsteande mem dy’t rûnkomme moat fan in útkearing, prachtig delset troch Karen Hogenhorst. Annie hat in freon oer de flier, Pierre, spile troch Bjinse Lawerman, dy’t him wol yn hiele núvere bochten wringe moat om te foarkommen dat de kontroleur fan de sosjale tsjinst Jaap Brekeveld, delset troch Jelle Auke Vrieswijk, der efter komt dat Annie fraudeert. De ynwenjende dochter fan Annie docht ôfgryselik har bêst om har slach te slaan en der better fan te wurden, in rol dêr’t Nynke Lawerman mei rêdt.
As dan ek noch in bemuoisuchtige buorfrou Miep (Sjoukje Lawerman) mei har miskien dochs net sa slûge man Arie (Oane Sijens), de frou fan Jaap, Gonda Brekeveld (Elly Visser) en de echte Henriette Reinders (Caroline Bouius) op it aljemint komme is de komoasje hielendal kompleet.
Kaarten bestelle yn de foarferkeap
Stjoer in mail nei teamactiviteitencommissie@gmail.com of belle nei: 0519-701239
Tagongspriis
Legere skoalle Bern € 5,00
12-17 jier €7,50
18+ €10,00 pp
Plaats een Reactie
Meepraten?Draag gerust bij!