Útnoeging Frysk plaknammeboerd

It earste Fryske plaknammeboerd fan Noardeast-Fryslân wurdt yn Nijewier opskroeve.

 Dat bard op tongersdei 27 july van 13.00 oant ûngefear 14.00 oere.

It nije (ynpakte) komboerd wurdt mei in wurkbus fan de gemeente nei it plak brocht. De krekte lokaasje wurdt noch bekend makke.

Wethâlder en doarspgenoat Aant Jelle Soepboer skroevet mei in kollega fan gemeentewurk it boerd te plak en hâldt dêrnei in koart praatsje.

Dêrnei is eltsenien wolkom yn it doarpshûs Nij Sion foar in kopke kofje of tee (mei Fryske dúmkes).

Ynwenners fan Nijewier-Wetsens, jim binne tige wolkom om hjir by te wêzen!