Wetsens troch de ieuwen hinne
I
Doe’t my frege waard, yn ferbân mei it belizzen fan dizze gearkomste, wat nei foaren te bringen oer de skiednis fan it doarp Wetsens, de terp en de tsjerke, ha wy dêr graach oan foldien. It sil yn it koart in oersjoch wêze fan de iere bewenning om it begjin fan ‘e jiertelling hinne en it ferrin oant de 21ste ieu fan no. De terp fan Wetsens moat neffens meardere skriuwers ien mei fan de âldste fan Noardeast Fryslân wêze. Mei in middelline fan 300 meter en in oprinnende hichte fan 6 meter mei in terpringpaad der omhinne, is it ek ien fan de moaiste terpen fan Dongeradiel. Nei de 11de ieu, doe’t der bediking oan de seekant kaam en oanpakt waard, groeide de terp noch in skoft troch. Dat kaam ek mei troch de bewenning. De earste bewenning sil wol yn houten huzen west ha dy’t dutsen wiene mei reid, mei fjildgewaaks rûnom en mooglik lommerike beammen om ‘e terp hinne. It ringpaad jout noch dúdlik de radialen oan dêr’t eartiids de paden oer de terp en nei en bylâns de tsjerke rûnen. Der binne fynsten dien út de Romeinske tiid, lykas it ‘terra sigillata’ ierdewurk en in Rynlânske drinkkanne út ‘e 14de ieu, wat wiist op trochgeande bewenning. By de oplevering fan de lêste restauraasje fan de tsjerke yn 1973 fertelde in ynwenner fan Wetsens dat hy in besiker by him hân hie út Amearika dy’t in foto sjen liet, nommen fan in skilderij, dêr’t de terp fan Wetsens noch yn har hiele hear en fear op te sjen wie. Wat soe it moai wêze as sa’n skilderij nochris boppe wetter kaam. Wa wit bart dit nochris. It karakteristike fan it doarp Wetsens, mei har bebouwing is frij seker de tsjerke yn ‘e midden boppe op ‘e terp dy’t foar it grutste part it byld bepaald, it paad derhinne en beammen rûnom. De tsjerke, neamd nei de Hillige St. Vitus, is út ‘e 12e ieu, mooglik noch wol âlder. In oarkonde fan 7 novimber 1347 fan it kapitel Oudmunster te Utrecht jout oan dat te ‘Wytense’, de âldste namme fan Wetsens, in kapel wijt is oan de Hillige St. Vitus. De bou- en de ferbouskiednis is, om sa te sizzen, ôf te lêzen oan ‘e boufragminten fan de bûtenmuorre. Neist de Romaanske binne der ek Goatyske boustylfoarmen te sjen. Doe’t yn 754, mei de komst fan Bonifatius, it kristendom hjir kaam, sil it frij seker de muontsen west hawwe dy’t de earste oanset ta de tsjerkebou jûn ha. Ut ûndersyk hat bliken dien, dat as jo nei de balstiennen fûndearring sjogge, hjir achter de eastkant de tsjerke 4 meter langer west hat. Der hat yn eardere tiden frij seker ek in oanbou west oan de noardkant en mooglik ek oan ‘e súdmuorre, wat hast it byld opropt fan in krússtjerke yn it lyts, sa’t de katolike tsjerke-yndieling yn ‘e midsieuwen wie. De haadlingen famylje de Jaerla’s, dy’t wennen op de Stins, dêr’t de Jaerlasleat, it saneamde ‘Jellegat’, deunby yn ‘e Alde Peasens streamt, hat in grutte ynfloed hân yn it doarps- en tsjerklik libben fan Wetsens. Mei it kleaster ‘Sion’ yn Nijewier wie der ek in relaasje. Twa dochters fan Minne fan Jaerla wiene opnommen yn dat kleaster, wylst er yn syn testamint opnimme liet: ‘sijnde Cranck van lichaam’, dat sawol de Wetsumer tsjerke as it kleaster betocht waarden. Maar hij dan wel thoe Sion begraven te willen worden. By syn libben wy dy Minne fan Jaerla, neis it grytman wêzen, in belangryk man. In oarkonde út 1492 jout oan dat it stedsbestjoer fan Dokkum oan him freget te middeljen en om in ferbûn te sluten mei de stêd Grins, om de stêd Dokkum te hoedzjen foar oerfallen dêrwei. Wat oanjout, de ynfloed dy’t de Jaerla’s hiene. Mear nijs oer Wetsens komme wy tsjin yn it Register van Aanbreng út 1580, dêr’t skreaun wurd, dat de frijbuiters, dat wiene de Wettergeuzen, ‘in de nacht door het glasvenster een kelk met toebehoren, het avondmaalszilver hadden gestolen’.
II
Sibe Saekez en Rytschke Gercgesz berjochten deroer, fan ien fan harren leit hjir yn ‘e tsjerke in grêfstien yn ‘e flier. It skriuwen sels waard dien troch Ritscke Henne’son, for dije, ander om foar dije ander, ‘dat sij nyet schrijven konden’, sa lêze wy. It skriuwen sels wie yn dy tiid in keunst dy’t net elk ferstie. De pastoar hie de beskikking oer de pastorijpleats dy’t 49 pm. grut wie. De lêste pastoar wie Peter Jacobs, dy’t libje moast fan it gemaak fan de pastorijgoederen. Letter lêze wy ‘dat Peter Jacobs gewesen pastoir twee koen te hoy end te grass hawwe mocht in de vorss. 41 pondemate, sonder daraff huir gemakt te wesen’.
De pastoar gie letter fuort mar it hússtee hâlde wol syn stimdragend rjocht. De earste Floreenkohieren, dy’t fan 1640 ôf begjinne, jouwe oan dat Lieuwe Teackes bewenner is fan pleats nû. 4, ‘geteckent in de kercke te Wetsens’ op 10 oktober 1698 yn oanwêzichheid fan doarpsrjochter Mr. Sioerds Douwes. Aardich is it te witten dat it pastorij hússtee wie, dêr’t no de saneamde ruïne is, it eardere hûs fan Anders Dijkstra, oan ‘e ring fan de terp. Hjir, yn ‘e noardmuorre, sjogge wy in iepening, in saneamde Hagioscoop, in iepening dy’t it sicht hie op ‘e hannelingen dy’t barden troch de pryster op en by it alter. De minsken, dy’t net yn ’t tsjerke talitten waarden koene it fan bûten ôf neikomme. Derneist de saneamde Pescina, dêr’t de pastoar it wetter, dêr’t er de hannen yn wosk, troch fuortspielde. Soe sa de siswize ‘Gods wetter oer Gods ikker rinne litte’ der net kommen wêze? Nei de reformaasje yn 1570 is de tsjerke fan Wetsens mei oergien en krige ek in oare yndieling. Lokkich is de eardere alterstien werom fûn by graafwurkzaamheden en hat wer in plak krigen yn it koar en hâldt sa de eardere skiednis yn it libben. De earste dûmny wie ds. Jeltema, dy’t yn Nijewier wenne, foar de kombinaasje Nijewier-Wetsens-Ealsum. Dit hat net sa lang duorre. Dêrnei hat it, oant no ta, altyd de kombinaasje Ealsum-Wetsens west, wêrby de dûmny’s yn Ealsum wennen. De sealtektoer dy’t ek brekfallich waard, moat der yn 1842 foar wei fallen wêze. De oerlevering fermeldt, dat dit op in sneintemoarn ûnder tsjerketsjinst barde, doe’t de dûmny preke oer Simson, dy’t by de Filistinen tusken de pylders stie, doe’t er finzen nommen wie. De toer is net wer opboud, mar krige in ôfsluting fan giele stien en in klokkestoel der boppe. Yn 1877 hat de gemeenterie fan de boargerlike gemeente East-Dongeradiel in beslút nommen dat de tuorren fan de tsjerklike gemeente oernommen waarden. Mooglik wiene se benaud dat der tefolle ferlern gean soe, dat troch dit beslút foar te kommen wie. Want meidat in protte tsjerken it ûnderhâld fan de tuorren net mear opbringe koene, wie dat gefaar hiel grut. Foar Wetsens hat dit krekt te let west, mar mooglik de rêding fan in protte oaren. It doarp Wetsens hie om 1700-1800 hinne, 9 stimdragende pleatsen, dy’t mei harren stimrjocht it foar it sizzen hiene yn tsjerklike en oare fermiddens. Lykas it kiezen fan de grytman, de hjoeddeiske boargemaster en ek de gritenij siktaris. It moat altyd al in striid west ha om it stimrjocht te bemachtigjen. Lju, dy’t goed dwaan koene hiene der in soad jild foar oer. In plak grûn sûnder hûs of in pleats hâlde it stimrjocht. Ek de earmensoarch, it ûnderhâld fan wegen en paden hearden ta it eigen doarpsbehear. Mei in eigen te heffen doarpsbelesting, de ûntfanger en in doarpsrjochter koene se har sels aardich rêde. Dat hat oant 1843 duorre, doe gie dit alles oer nei de boargerlike gemeente. It bestjoer en de útfiering der fan waard doe sintraal regele. Op it meast wiene der 122 ynwenners. Dat wie yn 1890 en se wennen yn 29 huzen. Der binne no 22 huzen mei 69 bewenners. It doarp hat ek lang in eigen skoalle hân, mei in hûs foar de skoalmaster. Yn 1880 is de skoalle opheven, wat mei kaam troch sykte fan skoalmaster Feenstra. De bern binne doe oergien nei Nijewier en Ealsum. De skoallen en it ûnderwiis wiene earder de soarch fan it doarp en de tsjerke. Dat hat duorre oant om 1800 hinne. Dan yn 1892 begjint der foar Wetsens in tiid dy’t djip yngrypt yn it maatskiplik bestean fan doarp en bewenners. Dat is it begjin fan de terpôfgraving.
III
Fan de kadastrale kaart fan 1832 witte wy hoe’t de bebouwing der útseach foar de ôfgraving. By de tsjerke stie oant 1984 it no ôfbrutsen kostershûs mei feestalling. Oan ‘e eastkant stie, njonken it tsjerkhôf, in hûs, bewenne troch Eade Damstra. Dat is mei de terpôfgraving yn 1897 ôfbrutsen. De skoalle mei it skoallehûs binnen de ring fan ‘e terp binne der doe ek ôfgien. Der moatte sa’n 380 fynsten út ‘e terp registrearre wêze. Dêr ûnder ek in saneamde ‘vuurbijl’ út ‘e prehistoaryske tiid. Dy binne te sjen yn ‘e musea fan Dokkum en Ljouwert. Der binne ek fêst weardefolle saken weirekke. De modderskûtsjes koene, trochdat der in opfeart nei en yn ‘e terp groeven waard, de terpmodder, dy’t brûkt waard foar lânferbettering oan ‘e foet fan ‘e terp weihelje. In berjocht yn de Oostergokrante fan 6 maart 1897 makket melding fan in fynst. Oostergo is de foarrinner fan de hjoeddeiske Nieuwe Dockumer Courant. De ferslachjouwer skriuwt dêr, en wy nimme it ferslach wurdlik oer:
‘Terpafgraving te Wetsens. Met het afgraven van de grote terp van Wetzens is men nog druk bezig. Behalve scherven, stenen potten enz. zijn er de laatste tijd verschijdene lijkkisten gevonden, die gedeeltelijk nog in zulke gave toestand verkeerden, dat zij slechts met moeite uiteen geslagen konden worden. Het vermoeden bestaat dat dit gedeelte van de terp voorheen een kerkhof, of een gedeelte daarvan was, schijnt geloofwaardig, omdat Wetzens vroeger een aanzienlijk dorp moet zijn geweest. Als bijzonderheid kan nog worden gemeld dat één dezer dagen een ei, die de grote had van een eende ei, in gave toestand werd gevonden.’ It jout mooglik wat oan fan de konservearjende wurking dy’t de terpgrûn troch de ieuwen hinne hie. No, goed hûndert jier letter. De terp is ôfgroeven, de Vitustsjerke is kreas restaurearre. It doarp leit fansiden de trochgeande wei yn ienfâld te pronkjen yn it lânskip. It bliuwt mei har beskieden bebouwing doarpseigen, mar byldzjend yn it Fryske lân. De âlde en lange skiednis freget fan ús allegear der noed foar te stean en te ha. Dit wie yn koart bestek in byld fan 20 ieuwen Wetsens, mar dêr is mear as wy neame koene, fan it libben fan de minsken sa’t hja libben en stribben. Yn fûgelflecht binne wy der bylâns gien.
De Fryske dichter Anders Minnes Wybenga, in soan fan Wetsens, hat yn meardere dichtrigels dat bysûndere wêzen fan syn doarp beskreaun. Mei inkelde dêrfan soe ik beslute wolle.
‘k Jou net folle om wrâld útwrydskens
‘k Fiel my hjir yn myn forset
Leaf binn’ my de griene fjilden
Ik bliuw in Wetsumer yn ‘t hert.
19 desimber 2000. Jan Walda
List fan rieplachte literatuer:
De skiednis fan East-Dongeradiel Dr. S. Zijlstra
Stads en dorpskroniek Dr. G.A. Wumkes
In vogelvlucht Ds. J. ter Steege
Korte geschiedenis van het dorp Wetsens W.T. Keune/G. Elzinga
Ien en oar oer de groun fan East Dongeradiel Fan S.F. Kuipers kand. l.i.
It Fryske doarp foar 1795 Dr. O. Postma
Vinea-Domini Ds. J. ter Steege
Jaargangen Oostergo Streekarchivariaat N.O.F. Dokkum
De Dongeradelen Dr. Herma v.d. Bergh
Het register van Aanbreng uit 1580 Prof. Dr. J. Reitsma
(Lêzing, hâlden troch Jan Walda yn ‘e Vitustsjerke fan Wetsens by de útrikking fan in priisfraach fan Doarpsbelangen)
copyright © Jan Walda. All rights reserved.
bron: Publicatie in “Doarpsktante fan Nijewier – Wetsens”
Plaats een Reactie
Meepraten?Draag gerust bij!