2021 Earste iepenloftspul Nijewier

Earste iepenloftspul Nijewier hellet skeletten út de kast!

Yn de lette midsieuwen en krekt dernei wie Fryslân in Godsfrezend gebiet wêr’t kleasters as puoddestuollen út ‘e grûn skeaten wylst net eltsenien him fine koe yn de lear fan de Katolike tsjerke. Stikmannich grutte kleasters binne hjoeddedei noch altiten ferneamd, lykas is kleaster Claercamp dat by Dokkum stien hat. Mar wa hat ea heard fan it susterkleaster Sion dat by it plakje Nijewier op ‘e Fryske klaai lein hat? Hjoeddedei in plakje wêr’t noch gjin fjouwerhûndert minsken tahâlde mar eartiids in tige wichtich en wolfearend kristlik bastion dat him steande hâlde moast tusken it geweld fan de Geuzen, ketterij en it opkommende wetter.

Mei it earste iepenloftspul fan Nijewier wol skriuwster Baukje van Hijum, ûnder oare bekind fan grutte súksesfolle spullen lykas ‘Swart mar Leaflik’,  ’Foarby it Boarkumer Fjoer’ en fansels de Fryske hit ´Lyts Meager Wyfke,’ minsken in ynsjoch jaan yn it kleasterlibben, en dan benammen de geheimnissen dy’t nea oan it ljocht kaam binne. De skeletten fan doe moat út de kast wei helle wurde om oan it publyk te toanen, de pikante en kontrofersjele saken dy’t him êfter de tsjokke muorren fan de kleasters ôfspile ha sille seker net fergetten wurde.Van Hijum is fan plan ek hjir wer in grut spektakel fan te meitsjen.

Baukje van Hijum

“2021 is dan faaks noch fier fuort, it is de muoite fan it wachtsjen op dit iepenloftspul, dat no al skiednis skriuwt, mear as wurdich!” Sa belooft it hagelnije bestjoer. “Nijewier mei dan in lyts doarpke wêze, hjir gebeure grutte dingen!”

Tekst:  Aant Jelle Soepboer

GroepsFoto:  Peter Tromp

Tweede Foto: Schrijfster Baukje van Hijum,

.

.

Op dit moment is er een site in ontwikkeling.
Deze is te vinden onder: http://www.iepenloftspulnijewier.nl/

Ook is er een Facebook pagina: https://www.facebook.com/Iepenloftspul-Nijewier


0 antwoorden

Laat een reactie achter

Wilt u zich mengen in de discussie?
Voel u niet bezwaard om bij te dragen!
Wilt u zich mengen in de discussie?
Voel u niet bezwaard om bij te dragen!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *