Verslag laatste jeugdfederatie kaats wedstrijd

Jeugdfederaasjekeatsen yn Nijewier

Nijewier. Yn Nijewier stie ôfrûne woansdei de 9e en lêste jeugdfederaasje wedstryd op it programma. Yn Nijewier keatsten de jongste jongerein, yn Dokkum de âldere jongerein. Op beide fjilden, nettsjinsteande de fakansjetiid dochs wer 85 keatsers. Dan hear jo wol ris, it is 5 foar tolven mei it keatsen, tsjustere wolken boppe it keatsen, dan doar ik wol te sizzen dat yn Dongeradiel de sinne skynt. Dat is net de fertsjinste fan it federaasjebestoer, mar fan alle bestjoerders fan de ferieningen oansletten by de Federaasje Dongeradiel!

By de welpenfamkes stiene der 4 partueren op de list, dy slim oan elkoar weage wiene. Nei 2 omlopen koene noch 3 partueren de earste priis winne. Yn de lêste omloop stiene de partueren Joke de Jong en Michelle Sijtsma tsjin it partuer Richtsje Bandstra en Janieck Woude. Lêst neamd partuer hie de bêste papieren op de oerwinning troch 2 winstpartijen yn de earste 2 omlopen. Dochs waard it noch in dûbeltsje op syn kant want it partuer Joke de Jong c.s. wûn mei 5 – 3 (6-2). Hjirtroch hiene dizze beide partueren likefolle foareersten. It partuer Richtsje Bandstra c.s. gie dochs mei de earste priis nei hûs trochdat sy wat minder tjineersten hiene.

By de welpenjonges stiene der 5 partueren op de list. Om der gjin nachtwurk fan te meitsjen, waard mei spullen gelyk begûn. Ek hjir wiene de underlinge ferskillen lyts en moast de winner komme út it underlinge resultaat. It partuer Jan Willem Cuperus en Kees Sonnema waarden earste, Stijn de Hazze en Jelle Jan Dijkstra waarden twadde.

By de pupillenfamkes wiene der 6 partuer dy keatse yn 2 poules. De finale by dizze kategory waard spile tusken de partueren Jildau de Roo, Annet Haaksma en Leann Wijma tsjin it partuer Willianke Sipma, Ketsia Gruintjes en Fredau Kupers. De opslach fan it partuer Willianke Sipma c.s. wie tige deeglik. Lyts bytsje opslagballen misten it perk en it partuer Jildau de Roo c.s. hie de nedige muoite om der keatse fan te slaan. De winst yn dizze kategory gie dan ek nei Willianke Sipma c.s. sy wûnnen  mei 2 – 5 (6 – 6).

By de pupillenjonges stiene der yn it begjin 6 partuer op de list. Der wiene lykwols in trijetal keatsers dy’t him yn de dei fersint hiene. Hjirtroch moast der op ‘e nij lotte wurden en der koe dan ek pas 20 minuten letter begûn wurde. De 4 oerbleaune partueren makke der dochs noch in moaie keatsjûn fan. Der waard fanatyk, mar ek benammen sportyf keatst. 1 partuer stuts der mei kop en skouders boppe út. Dit wie it partuer Peder Dijkstra, Daniel Wouda en Albert Fûgel. Sy wonnen trije omlopen en wiene dan ek de terjrochte winner. It partuer Wybren de Jong, Hessel Veendorp en Kye van der Koai waarden twadde.

Nijwier 26072017

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie