De Skiednis giet troch it eigen doarp

Dit bin stikjes skiedenis oer hûzen en bewenners fan Nijewier
skrean troch Jan Walda foar de doarpskrante fan Nijewier

Yn it submenu kinne jim mear ferhalen lêze fan Jan Walda.

 

Siercksmawei 6

Dit is it hûs dêr’t Jan (6-7-1934) en Fo (1-5-1934) Walda-Wildschut wenje. Dit liket in frij grut kompleks. De skiednis fan de bewenners jout in byld, dy’t, wat it hûs oan de trochgeande wei oangiet, der hast twa ieuwen lang in trijetal famyljes wenne hat, wêrfan fan elk oan’t no ta twa geslachten. De speciekohieren, dy’t tsjinnen om de eigendoms en de dêr by behearrende belestingopbringsten te registrearjen, jouwe oan dat Jan Jacobs en Jan Fetzens fan Anjum nei Nijewier ferhúzje yn 1773, en dan wenje yn ft hûs numer 47, dat yn dat jier boud wurden is. Jan Jacobs wie troud mei Acke Jans dochter en Fetze Jacobs wie syn broer.
De beide huzen, dy’t yn ‘e skuorre boud binne, oan wêr’t no it Bakkerspaad is, moatte fan in noch eardere datum wêze, sjoen de betegeling yn de foarein. Dy binne der úthelle mar moatte fan ûngefear 1650 west hawwe. Yn de rin fan ‘e jierren hawwe der altyd fjouwer wenten west yn it gehiel, mei in eigen hûsnûmer. Wy komme dêr noch op werom.

lt ferhieren fan wenten wie in fêste ynkomst, hoewel it alle fjouwer ienkeamerwenten wiene. Dan komme wie tsjin op 10 augustus 1783, Sibbeltje Teackes, dy’t mei har beide dochters Maaike en Frouckje nei Nijewier kamen te wenjen. Sibbeltje Teackes, dy’t widdofrou wurden fan Fetze Jacobs, dêr’t sy mei troud wie op 26 jannewaris 1755 en wennen dêrfoar op in pleats yn Ealsum. Frij wis famylje fan Jan Jacobs en Jan Fetzes, earder neamd.

Sibbeltsje wie in dochter fan Botte Teackes, dy’t ek yn Nijewier wenne. Har äldste dochter Maaike troude mei Atze Lieuwes Bosch fan Marrum, Westernijkerk  op 8 july  1786.

Fan de famylje Bosch komme wy mear tsjin, ek yn Nijewier, ûnder oaren by de pleats wêr’t it Grientehûske stien hat. De beide jongelju binne troud yn Mitselwier en hawwe har nei wenjen set yn Marrum op in pleats. Dan, yn 1796 komme Atze Lieuwes en Maaike Fetzes werom nei Nijewier mei harren mem en skoanmem Sibbeltsje Teackes, yn it hûs nû. 47, dêr’t nei 1773 nei de bou noch inkele oare famylje wenne ha. Want neffens de gegevens har dêr yn 1778 in Jan Thymens wenne en yn 1780 Cornelis Eiberts. lt eigendom skynt yn de famylje fan Fetze Jacobs bleaun te wezen. Maaike har suster Frouckje wie op 29 april 1792 troud mei Lieuwe Teackes ût Ie. Faak komme wy deselde nammen tsjin, wat ek hast wol oanjout dat men yn ‘e fjirte famylje fan elkoar wie. Atze

Bosch wie in man dy ‘t it tige goed dwaan koe, want yn 1803 wurdt hy oanslein foar de belestingen foar 5 ½  skoarstien, 1O kij, 3 rieren, 27 bunder besaaide lânnen en 7 hynders. Letter stie der as koopman te boek. Hy hie ek de cichorijfabryk yn it gebou dêr’t no it hok stiet fan Bean en Anita Braaksma. De saneamde âlde njyest’.

In trânsaksje út 1817 jout oan dat der dan twa huzen. fan makke binne. lt hat ek noch, yn de 19e ieu, in skofke as tsjerke tsjinne foar de ‘afgescheidenen’. Der binne yn Nijewier trije bern geboren, Fetze op 19 juny en doopt op 12 july 1789. Aaltsje op 13 desimber, doopt op 26 desimber 1791 en Lieuwe op 14 desimber en doopt op 25 desimber 1795. Dit neffers it doopboek fan de Herfoarme Tsjerke fan Nijewier. lt skynt sa west te hawwen, dat it hûs oan de Siercksmawei fêst ien steande gevel hie en der achterut in lange loads oanboud, dêr’t Atze Lieuwes, neist syn keapman wezen, ek noch buorkerij hie. De beide wenten oan it Bakkerspaad stiene los fan it gehiel. Wy meie hast oannimme dat de famylje fan Atze Lieuwes en fan Maaike Fetzes fan wjerskanten nochal wat besit hiene. Mar hoe dan ek, yn 1816 stiet it hûs te keap en wenje Atze Lieuwes Bosch en Maaike Fetzes wer yn Marrum, Westernijtsjerk. De omskriuwing fan it te ferkeapjen hûs wie: ‘in florisante huisinge met pakhuis en tuin staande aan de rijdweg te Niawier aldaar gequoteerd no 47 behorende de grond aan de erven Burmania, doch bij de verkoper in erfpacht, worden bezeten tegen een erfpacht van seven gulden, beswaard met onderhoud der stekkage, met de reed, aan de Suidkant sijnde de huisinghe voorzien van een put, regenwaterbakken, en verdere commoditeiten hebbende ten oosten en ten Suiden de straat Jan Sakes van de Herberg, en ten Noorden de weg, voor de prijs van
f 2020,00
‘.

De ferkeap wie yn ‘e herberch fan Hendrik Klaazes Vlasma, it hûs oan it Linepaad wat no nûmer 9 is. Keapers wiene Klaas Aukes Vellinga mei syn frou Tryntje Ypes v.d. Meulen, dy’t in bakkerij hiene yn Mitselwier en dy letter ferkochten. Doe is der frij seker in bakkerij begûn yn it pakhûs. De earste oven wie hjir ek opsteld. No wie it tak bakker yn dy tiid yn opkomst. Der waard foaral in soad roggebrea bakt. Der wiene ek in protte boeren dy’t seis harren brea bakten. De measte bakkers hiene dêrneist ek noch oare nering lykas in herberch of buorkerij. Sa ek de Vellinga’s, dy’t nochal wat län yn gebrûk hienen. De famylje Vellinga wiene echte ûndernimmers want oeral komme wy famyljeleden tsjin dy’t winkelman, smid of skipper wiene yn Nijewier of Mitselwier. Yn 1851 nimt de twadde soan Auke Klaazes, dy’t geboren wie yn augustus 1816 en dy’t troud wie mei Renske Sipkes Havinga fan Hantum it bedriuw oer. De omskriuwing wie doe neist de oare besittings: ‘een huizinge waarin een bakkerij wordt uitgeoefend, met schuur en wagenhuis, bleekveld en hooienge, tuin en andere toebehorens, staande en gelegen in de buurt te Niawier hebbende haastliggèrs te Oosten het pad, te Zuiden de reed, ten Westen de weg en ten Noorden de weduwe Pier Enëus Rijpma enz’. Dit hûs stie earder oan de oare kant fan it Bakkerspaad. De tiden binne bêst en mei syn broer Tsjamke wurdt der neist de bakkerij goed seis bunder län bebuorke. Der wurdt ek gauris in stikje län beskreaun by ferkeapings. Om 1879 hinne wurdt de hiele boel omraak ferboud. Der komt in alhiel nije skuorre te stean, in oanbesteging yn de Oostergo Krante fan 1879 jout oan dat der 14 ynskriuwers wienen en de leechste woe it dwaan foar goed 9600 gûne, wylst de heechste 13.500 gûne skreaun. De beide wenten, dy’t no foar yn ‘e skuorre binne, binne doe ûnder itselde dak kommen. De bakkerij krige ek in plak yn it gehiel en der kaam ek in nije oven yn. Dy is yn 1946 wer ferfongen troch de oven dy’t der no noch stiet. Auke Klaazes skriuwde him krekt as syn heit, as meester Bakker. Auke Klaazes komt mei 60 jier te ferstjerren en de bern wolle it bedriuw net oernimme. De twa soannen, Klaas en Sipke en dochter Tryntje ferkeapje it bedriuw oan Alle Doekes Harkema, dy’t der al wurke as teint en troud wie mei Sjike Daniëls Scheepstra. Yn 1887 fynt de ferkeap plak yn de herberch by Douwe Siccema. Neist de omskriuwing fan alle landerijen wie de omskriuwing no sa: ‘een huizinge waarin een bakkerij met schuur en stalling, bergplaats en drie afzonderlijke woningen, tuingrond cummis-annexis staande aan de grindweg in Niawier-1282 1283- 1284-kad. Bekend Gemeente Nijkerk 1282 huis groot 42 ca. 1283 huis en erf groot 8 are en 34 ca. 1284 huis groot 70 ca. Toonbank en losse hanger in het voorhuis, de baktafel,een stel pannen met borden in het bakhuis, benevens tot de bakkerij behorende gereedschappen, zijn niet in de koop begrepen als behorende aan de huurder’.

Alle Doekes Harkema waard fan hierder de eigner fan de bakkerij en fan de trije wenten, dy’t ferhierd waarden. De famylje Harkema krige 5 bern, Doeke, Daniël, Tryntje, Ytje en Maartje. lt wie no gjin bakkerij én buorkerij mear. Der waard mear dien oan it bakken en fansels it measte maast ütsutele wurde. Om 1900-1905 hinne is der in nije kap op it hûs kommen.

De skuorre waard brûkt foar opslach fan takkebosken en turf foar de oven. Ynwennende feinten en fammen wie ek hiel gebrûklik. Soan Daniël hat noch wol ferteld hoe’t it brea mei de kroade ûtsutele waard. De blauwe kroade hat noch lang in plakje hän yn ‘e skuorre.

Wer letter kaam it ferfier mei de hûnekarren. De beide karren dy’t der noch wiene ha ek oan’t 1942 yn ‘e skuorre stien. Op 18 april 1919 wurdt  by notaris S.P. Groenier te Mitselwier it gehiel ferkocht en oerdien oan soan Daniël Harkema, dy’t troud wie mei Pietsje Krines Boelens fan  Nes W.O.  De priis wie 4800  gûne.  Harren beide swannen,

Doeke geboren 22-9-1911 en Krine, geboren 10-8-1914 keazen foar in oar fak, sadat de Harkema’s gjin opfolger hiene foar de bakkerij. Der mat ek noch neamd wurde, it ferhieren fan de trije ynpandige wenrûmten fan 1880 öf en earder oan’t 1960 ta. De hûsnûmers wiene yn 185.3: 47, 47a, 47b en 47c. Yn 1903 67, 67a, 67b en 67c. Yn 1924 1.97, 1.98, 199 en 1.100.  Yn

1973 1.133 en !134. mei de strjitnamjouwing yn 1977 waard it Bakkerspaad 1 en Siercksmawei 6.

Yn 1903 is der in wenningûndersyk west dêr’t alle huzen beskreaun steane, mei de bedsteden, de tonnen en de wetterbakken, it aantal fertrekken en de hierpriis. Nijsgjirrige literatuer dy’t te sjen is by it Streekargyf yn Dokkum.

Jan Walda - beukerskoalle

De  beukerskoalle  yn  ‘e bakkerij  fan Jan Walda

Yn 1933 komt de bakkerij te keap en wurdt de nije eigner Gjalt Jzn. Walda, geboren 3-1- 1906, soan fan Jan Hendriks Walda en Akke Bartstra, bakker yn Spannum.

Gjalt Walda wie troud mei Anna de Boer, geboren 16-11-1906 te Arum, dochter fan Gerrit Anes de Boer en Sibbeltsje Glazema, beurtfeartskipper yn Arum . Der binne twa bakkerijen yn Nijewier, mar yn hast alle doarpen yn East-Dongeradeel binne twa of trije bakkerijen gjin seldsumheid.  De oankeappriis  is om en de by f   10.000.
Mar it giet goed, de krisisjierren geane foarby en it wurdt alle jierren better mei alles. Sa giet it op ‘e oarlochsjierren ta.

De hûnekarren wurde ferfongen troch de transportfytsen.  Der binne twa bolkoerrinsters, dy’t de_ boel oan de man of de frou bringe. Der wurde seis bern geboren, Jan 6-7-34, Sippie 10-6-36, Akke  10-10-39, Gerrit 19-12-43, Hendrik 14-2-46 en Anna-Klaasje  23-4-52.

De oarlochsjierren binne bange jierren mar op it plattelän wie der gjin-direkte honger as ferlet.  Der waard yn  1946 in nije oven boud, dy’t op turf, hout  en takkebosken  stookt waard en wer letter op oalje en gas. Nei de befrijing yn 1945 feroare der in soad. Letter, troch emigraasje  en migraasje, ferhuzen  in protte minsken fan it plattelän. De   meganisaasje, ek yn ‘e bakkerijen sette troch. De transportfyts waard ferfongen troch in motorbakfyts, wer letter in bestelauto. Soan Jan kaam fan skoalle of by syn heit yn ‘e bakkerij.  lt hiele hûs waard  no troch  it bakkersgesin  bewenne. Jan  krige ferkering  mei Fo Wildschut geboren 1-5-1934, dochter fan Louw Hendriks Wildschut, ôfkomstich fan Nijlän en Sjoukje Visser fan Hantum Doe’t de jongelju  wol trouwe woenen, wie  it in hiele toer om in hûs te besetten. En sa waard der  besletten om it hûs wer yn twaën te splitsen en Jan en Fo oan de kant fan de saak kamen.

lt oansjen fan it hûs wié al tige feroare mei de nije gevel derfoar, mei grutte ruten deryn en ek kamen der glêde pannen op it dak. De skuorre krige ek in fikse opknapbeurt, de kowestallen en de hynstestâl waard der ût helle. Jan en Fo krigen 4 bern, Sjoukje 29-9- 1962, Gjalt 24-3 1963, Anna 15-7-1966, Gelbrich 19-11-1970. Gjalt senior hat goed tsien jier yn it hûs wenne, dy’t yn 1960 fan de eardere bakkerswente makke wurden is. Mem en beppe Anna is stoarn yn maart 1966, sy ha der mar krap seis jier tegearre wenne. lt hûs en de solder hiene in eigen yn- en opgong aan it Bakkerspaad, dat der doe makke wurden is. Yn 1976 ha Jan en Fo it hiele hûs wer sa makke dat it wer yn ien hän bewenne waard. Mei help fan de bern en losse helpen waard de bakkerij dreaun. De iene nei de oare bakkerij op it plattelân slúte, dat der wie wurk en ôfset genoch, mar it wie wurkjen by nacht en by dei. Soan Gjalt kaam yn de bakkerij dêr’t op ‘t lêst, wat de omset betreft, hiel wat omgie. Mar it moast foar it grutste part útsutele wurde en dat ferge in-soad tiid. Doe’t Jan him ek noch bejoech yn ‘e gemeentepolityk, waard it in tige drok en bânnich bestean.

Soan Gjalt seach ek net in fjirdere takomst yn ‘e âlderlike bakkerij. Skaalfergrutting, mobiliteit en de easken fan miljeu en oerlêst, dit fregen fikse ynferstearrings, dy’t op dizze skaal wis gjin genoch rindemint hawwe soene.

Sa waard yn 1986 it fjoer fan de oven dôve.

Jan gie fierder yn it gemeentlik bestjoerlik wurk en soan Gjalt krige wurk yn oare bakkersbedriuwen. Troch it beslût om op te hälden mei de bakkerij kaam der in ein oan 170 jier bakken yn it bakkershûs.  In beslût, dat mei oannom wurde,  mear ynjûn waard troch ferstânlike oerwagings, dan dy fan it gefoel. lt wenjen yn it hûs, dêr’t troch de ieuwen hinne safolle feroare is, mar noch altyd de grutte kelder hat mei de grûnwelput en de hege skuorre mei de ynpândige bakkerij,wêr’t de stienmitsele oven it bewiis noch leveret, it hat wol wat. Trije geslachten bakkers fan heit op soan is dochs wol wat bysûnders. Mar alles giet foarby.

As de tiden feroarje, dan ferset men de bakens. En as sadanich is it ek wer net bysûnder, it is libbensberin. Mar de beskriuwing fan de minsken dy’t op dit stee libbe en stribbe ha, hat èk wer in eigen ferhaal. Dat wat fertelt fan de skiednis fan dy minsken, dy’t harren lok en leed hjir belibben mei fallen en opstean.