Grutte Stege 2

Om de âlde tsjerke hinne wie altyd al de earste en âldste bebouwing fan huzen fan Nijewier. Magiel Weidenaar (13-10-1933) en syn frou Stien Vriesema (28-4-1933) wenje hjir sûnt 1962. Magiel is hjir ek berne of hikke en tein sa’t ek wol sein wurd. Hy wie de jongste fan njoggen bern fan Geert Renzes Weidenaar en Janke van der Sluis. Geert wie earder widner wurden fan Trijntje Schoorstra. Sa wennen der 11 minsken yn itselde hûs. Stien is berne yn Hantum as dochter fan Bindert Vriesema en Klaske de Haan. Giel en Stien binne op 24 jannewaris 1958 troud en hawwe dernei in jier oan ‘e Oastersingel yn Dokkum wenne. Doe’t Giel syn heit Gert kaam te ferstjerren, nei’t er in libben lang as wegwerker it doarp Nijewier tsjinne hie, kamen Giel en Stien werom nei Nijewier. It hûs fan harren âlden waard oernommen en alhiel ferboud, sadanich, dat Janke, de mem fan Giel, der noch in skoft neist wenne hat. Op 10-2-1962 is Giel en Stien harren soan Geert berne. Hy wennet no yn Ljouwert. Giel hat yn syn jonge jierren by de boer wurke, û.o. by de feekeaplju de Feenstra’s. Mar ek yn Frankryk, foar en nei de militêre tsjinst. Dernei hat er jierrenlang frachtweinsjauffeur west. Machtich moai wurk, sa’t Giel seit, mar te folle en te lang fan hûs. Doe’t der dan ek in kâns kaam om meiwurker te wurden by de doedestiidse polder fan East- en West Dongeradiel, letter tusken Waad en Ie, gie dat oan. Troch omstannichheden fan sykte fan Magiel is der krekt foar syn pinsjoen der út gien. It hûs fan Giel en Stien hat twa perseelsnûmers, sectie B 1038, 50 ca., en B 1039, 2 are en 30ca. De heit fan Giel hie yn 1916 it hûs kocht fan de wed. Geert Jongsma en Rienk Klazes Kingma, arbeider te Nijewier. It hûsnûmer wie I 125 en koart derfoar I 89. Jongsma en Kingma hiene yn 1893 it dûbel hûs oerkocht fan Aaltje Enëus Rijpma, de frou fan Johannes Boersma te Jislum. Dy Aaltje Rijpma hie frij wis it hûs urven fan har heit E.P. Rijpma, dy’t om 1863 hinne it hûs op ‘e nij opboud litten hat. Magiel Weidenaar fertelde dat hy wol fan oerlevering heard hat, dat syn hûs opboud is mei materiaal en stiennen fan de eardere pleats fan de famylje Rijpma, wat no Linepaad 7 is. In tinkstien yn ‘e muorre fan dy pleats jout oan dat yn 1853 in folslein nije pleats boud wurden is. Oan it no besteande hûs fan Giel en Stien sitte nochal wat âlde friezen en Frânske moppen. Mar wat ek tige nijsgjirrich is, is dat op de kadastrale kaart fan 1832 it eardere hûs deun oan it Linepaad stie, yn deselde line as no de huzen fan de famyljes Cuperus en Meinema. Inkele bewenners wurde neamd, dy’t wennen yn it hûs, no mei nûmer 38, lykas Jan Janzen Talsma, de wed. Jan D. Kingma, Trijntje Kooistra en Gerben D. Rijpstra. It sille trije lytse wenten west ha, ûnder ien kap, situearre kadastraal bekend B 764. Op ien en itselde perseel, dêr’t Giel en Stien no harren foartún ha. Op in list fan 1853, wêr’t de trije buorplichtige wiken mei nammen en hûsnûmers neamd wurde, befêstigje dat. It is in bewiis te mear, dat de âldste bewenning op dit part fan de Nijewierster terp begûn is. Wannear krekt, dêr sil noch neier ûndersyk nei dien wurde, mar wy meie hast wol oannimme, dat om it jier 1000 hinne hjir al bewenners harren ta wenjen set ha.

Grutte Stege 3

Yn dit hûs wenje Pieter Hamstra [1959] en syn frou Tiny Oldenburger [1964] mei harren trije soannen Bert [1987], Jilmer [1991] en Jelles [1993]. It wie yn 1989 doe’t Tiny har heit in advertinsje seach yn ‘e krante, dêr’t in bouterrein yn it doarp Nijewier oanbean waard mei de mooglikheid der in hûs op te setten. Dat wie yn dy tiid in inisjatyf fan de feriening fan Doarpsbelang Nijewier, dy’t yn ‘e mande mei de provinsjale feriening fan lytse doarpen har bêst die, om nije huzen te bouwen op it plak fan âldere huzen dy’t net mear bewenber wiene. Oan de eardere Achterwei, no de Auck Doniastrjitte, binne doe ek in pear delsetten. En sa is it kommen dat Pieter, berne yn Jistrum en Tiny yn ‘e Harkema, fan doe ôf nei it Fryske klaaidoarp Nijewier kommen binne te wenjen, en mei in protte nocht, sizze se.
De pleatslike oannimmer Pieter Allema hat hjir it wenningtype ‘Blauhûs’ boud, dêr’t letter de romme loads fan de buorfrou neist it hûs oankocht wurde koe. It kadastrale perseelsnûmer is nû. E 99. Pieter hat syn wurk yn Kollum, as koördinator Meldpunt Fasilitêre Foarsjenningen by de soarchynstelling Talant. Tiny is as dosinte ferbûn oan it A.O.C. yn Bûtenpost.
Begjint de skiednis fan it hjoeddeiske hûs yn 1989, op frijwol itselde plak hat earder in hûs stien mei in lange histoarje. It hat yn 1943 west dat de wente, dy’t op it terrein stie, doe kadastraal bekend B 1247 mei hûsnûmer I 83 ôfbrutsen is. Dit is bard neidat de lêste bewenster Martje Daniëls Scheepstra, berne yn 1855, ferstoarn is. It hûs mei it terrein is doe oankocht en yn eigendom rekke fan Tjalling Jacobs Holwerda en syn frou Jantje Talsma. Wer letter, oant 1989 ta, wiene Siebe Holwerda en Elisabeth de Vries eigeners fan it terrein dat as tún brûkt waard. De fraach is dan wat foar hûs hjir stien hat op dit plak, foar it ôfbrutsen waard. It heucht ús noch dat de doarpsjeugd foar in part ek meiholpen hat de leechsteande en troch de gemeente ôfkarde wenning ôf te brekken.
It wie in hûs mei âlde friezen, yn ‘e foargevel ruten mei lytse finsterglêzen, lykas yn ‘e midsieuwen. Der stie in grutte spekkast op ‘e souder, dêr’t de jeugd harren troch nei ûnderen glydzje liet. Foar it hûs stie in apel- of in parrebeam en dêr stie de doarpspomp, dy’t op dit plak ieuwen stien moatten hat. Neffens de hjoeddeiske bewenners sit der yn ‘e grûn ûnder it hûs noch in mei giele stien opmitsele wetterput. Der stie ek in flinke skuorre achter, dy’t yn de lingte fan it hûs, deun oan it paad stie. Op in hiel âlde foto siet de doar oan ‘e eastkant. In opgave fan 1810 fan in wenning-ynventarisaasje wurdt der sprutsen oer in hûs ‘met vier deuren en vensters’. Yn hoefier it hûs troch ien of mear gesinnen bewenne wurden is, wurdt net rjocht dúdlik, mar sjoen it grutte tal nammen dat wy tsjin kaam binne, moat it hast wol sa wêze. De measte minsken wiene yn dy tiid lyts behuze yn in faak earmoedige tiid. It sil ek fêst ien fan de âldste huzen west hawwe, dy’t op ‘e fjouwerkante Nijewierster terp stien ha. Wy wolle besykje, foar safier dat mooglik is, nei te gean hoe’t de bewenning wie, mei de nammen.

Yn 1942: Steane de erven fan Trijntje Martens Hamstra, berne 1810 yn Wierum, naaister en weduwe fan Daniël Jans Scheepstra, berne 1806 yn Wierum te boek as eigeners fan it hûs en dit fan 1873 ôf.
Yn 1900 komme wy K.J. Minnema tsjin as bewenner oant 1904.
Yn 1883: Jan Geerts Braaksma, berne 1830 yn Nijewier en Trijnte Ruurds Kooistra, berne 1830 te Foudgum, mei 7 bern.
Yn 1880: Willem Rengers Boersma fan Wetsens, slachter, mei syn frou Tjitske Slot fan Hantumhuizen, mei njoggen bern en giene fuort nei Leens yn ‘e provinsje Grins.
Yn 1869: Foeke Schotanus, weinmakker en syn frou Haikje Nink.
Yn 1853: binne der listen opmakke fan bewenners mei it kadastrale plak en hûsnûmers, dit wiene doe B 767 hûsnûmer 33, bewenners D.J. Scheepstra, gardenier en Trijntje Martens Hamstra en de bern Jan D. Scheepstra [1838], Gtietje D. Scheepstra [1845] en Sijke Scheepstra [1850].
Yn 1849: Antje Wymers-v.d. Woude, berne yn 1789, arbeidster en as Ned.herfoarme vermeld.
Yn 1842: is Tjerk Romkes Viersen, lânbouwer de eigener.
Yn 1839: Barber Harmens Tabes, weduwe, koemelkersche, met 9 kinderen van 1 tot 21 jaar.
Yn 1825: Harmen  Berend Duipmans, wever eigenaar, bij de verkoop aan Viersen.
Yn 1813: is it de weduwe  Rienk Cosses met haar drie kinderen die de naam Heeringa aannemen bij de Maire te Metslawier, folio 68.

Foar 1813 moatte wy it hawwe fan de belestingboeken dêr’t eigeners en bewenners mei hûzen en landerijen te boek steane. Dit binne de saneamde floreenkohieren, speciekohieren, reëlkohieren, dêr’t noch hiel wat út te heljen is.

Wy folgje fierder it hûs nûmer 13, dat blykber fan 1720 ôf altyd itselde nûmer hân hat.

Yn 1806: Syds Jacobs en Willem Jochems met 1½ pondemaat bij het huis horende.
Yn 1802: Rienk Gosses.
Yn 1801: Pieter Cornelis.
Yn 1799: Pieter Cornelis van Hallum, halve schoorsteen om de belasting.
Yn 1794: Jacob Sybes, een knegt minder, ook om de belasting.
Yn 1784: Jacob Wybrens van Jouswier.
Yn 1783: Jan Fokkens, de vrouw overleden.
Yn 1775: Trijntje Piers, weduw, wordt bij de Zathe no.8 genoemd, nu van de fam. Graas.
Yn 1774: Sybe Jacobs, de boerderij opgebroken, een knegt minder.
Yn 1776: Iggele Hillebrants.
Yn 1764: Minne Rienx, naar Ee vertroken.
Yn 1760: Gosse Rienx, anderhalve pondemaat en meerdere landerijen.
Yn 1750: Rienk Minnes wed. en Dirk Gosses wed. In 1744 als boerinne met 6 personen genoemd.
Yn 1720: Dirk Gosses, selve 1½ pondemaat en losse landen.

Op dit stuit is it net mear dúdlik te krijen yn hoefier it hûs of buorkerij in stimhawwend
nûmer hân hat. Dúdlik mei wol wêze dat it foar in hiel soad minsken in wenplak bean hat.

 

Het huis Grutte stege 4

Het huis van Froukje Braaksma-Kooi (1926) heeft op de oostelijke gevel een jaartal anker met het jaartal 1806. Het zou er op kunnen duiden dat de woning toen nieuw is gebouwd. Een zogenaamde ‘tweekapper’ zoals er rond die jaren meer van zijn gebouwd in Niawier. De eerste kadastrale kaart van 1833 vermeld voor de woning B. 765. en voor de vrij grote moestuin B. 766. als eigenaar Douwe Johannes Beintema landbouwer te Westergeest. Een opgave uit het jaar 1853 geeft voor de woning B 765 als nummer 34 als eigenaar bewoner Pope Jans Holwerda als bewoner aan. Het was een woning met een vrij groot tuinoppervlak wat in die jaren een groot voordeel was. Men verbouwde veelal z’n eigen aardappelen en groenten.  Nadat wij in 1866 een verkoop tegen komen aan Jan Sikkema en mede eigenaren, is kort daarna Pieter Douwes Tilkema, mr Bakker te Niawier de nieuwe eigenaar. Soms is het  best lastig alle bewoners op te sporen, om dat in de kadastrale gegevens enkel de eigenaars staan vermeld. Mogelijk dat Pieter Tilkema zijn bakkersbedrijf uitoefende in het pand Linepaad 1. Wel worden in 1849 Pieter Fokkes Kuzema en Reinder Kornelis Miedema beide wonende in  het huis met nummer 34 als arbeider vermeld. Waarschijnlijk waren het huurders in twee dienstwoningen. Rond 1869 is er een wijziging in de huisnummering waarbij er onderscheid wordt gemaakt binnen of buiten de kom. Hierbij komen wij Douwe Geerts Siccema van Engwierum tegen die gehuwd was met Riemkje Enënus als gardenier met 8 kinderen. Dan in 1872 is het Pieter Willems Wijma gardenier te Niawier die eigenaar is van het huis  B 765. 3 a. 10ca. en B 766 de moestuin 6 a en 70 ca groot. Een verkoop in 1878 geeft als nieuwe eigenaar  aan Jan Sakes v/d Herberg en consorten gardenier te Niawier.
Dan komt er in 1880 weer een nieuwe huis vernummering. Voor het dorp Niawier de letter I. D.H. de Vries woont dan In I. 85. Het blijkt dat Pieter Sakes v/d Herberg waarschijnlijk familie van eerstgenoemde het huis in 1903 met de grond heeft verkocht aan Jacob Eelkes Holwerda, die landbouwer was op de boerderij aan de Bredewei nu Wim .H. Bakker. Het verschijnsel van de vele inwonende knechts en dienstboden was op haar retour, vandaar dat er werd omgezien naar vaste dienstwoningen, die overigens een vaak snelle wisseling van bewoners aangaf. In het jaar 1951 is Ids Kornelis Holwerda de  nieuwe eigenaar. Eerder is er ook sprake van verbouw van één tot twee woningen met als nummers I.85 en I. 86. In 1924 komen wij als bewoners tegen Klaas S. Sijtsmaen Lubbert Wijma. Ook Fokke MiedemaO.de Jager, en Jacob van der Ploeg.

In 1958 wordt de westelijke woning verkocht aan Johannes Klazes Dijkstra metselaar, het nummer I. 86 wordt nu I. 122. Nummer I 85 wordt I. 121. bewoond door Willem de Boer die later ook eigenaar is geworden na dit gekocht te hebben van Douwe Ids Holwerda.. Na Joh  Dijkstra is het de familie Gerrit de Jong die ook een flinke verbouwing en uitbouw pleegt. In 1965 wordt Riel jzn Dijkstra de nieuwe eigenaar bewoner die in 1983 de ook de woning van W de Boer betrekt in het gehele huis.Rond 1977 worden de woningen genummerd op de officiële ingevoerde straatnamen.Het was toen Auckdoniastrjitte  nr 1 en is nu Grutte stege 4. In het jaar 1986 wordt Berend Geert zn Braaksma de nieuwe eigenaar van het geheel. Het stuk grond met de woning van totaal 10 are en 50 ca is vele malen van eigenaar en bewoners gewisseld waar in de loop van de tijd al eens 10 are is vanaf gegaan. Medio 2004  staat de woning te koop wegens vertrek van Froukje Braaksma-Kooi naar de Skûle te Metslawier, nadat in 2002 haar echtgenoot Berend  Braaksma is overleden.

 

Jan Walda

copyright © Jan Walda

bron: Publicatie in “Doarpskrante fan Nijewier – Wetsens”

Grutte Stege

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie