Kampsteech 1

Dit hûs, kadastraal bekend E 64, grut 2 are en 50 ca. wurdt bewenne troch Bean Braaksma (1958), mei syn frou Anieta Schoorstra (1964) en harren trije soannen
Sander (1989), Erwin (1991) en Peter (1995). Bean is fêste meiwurker by Ropta HZPC en Anieta wurket yn ‘e soarch. Doe’t Bean en Anieta troud binne is it hûs omraak ferboud en oanpast oan ‘e hjoeddeiske easken. Yn 1985 hiene sy it hûs oernommen fan Bean syn mem Froukje Braaksma-Bekker. Mei har man Pieter Geerts Braaksma hiene sy der mei harren húshâlding fan njoggen bern fan 1960 ôf yn wenne.
Yn ‘e rin fan ‘e jierren is der hiel wat feroare om hûs en hiem hinne, en der hawwe ek hiel wat minsken wenne. Noch net safolle jierren lyn stie, dêr’t no harren garaazje is, ek noch in hûs, dêr’t wy ek noch wat fan fertelle wolle.
Mar earst it hûs Kampsteech 1.
Pieter en Froukje Braaksma ha it hûs oernommen fan Jacob Tjallings Holwerda, dy’t troud wie mei Jantsje Bos. Sûnt dat de famylje Holwerda der wenne hat, fan 1949 ôf, wiene Pieter Willems Wijma en Johannes Willems Wijma eigners fan it hûs en grûn B1660, grut 2 are en 50 ca., hûsnûmer I 103 yn 1928, doe’t sy it wer oerkocht hienen fan Tjitske Bouwes Dijkma.
Ek hawwe Hendrik Holwerda mei syn frou Aukje Holwerda-Brouwer der wenne mei harren trije bern. Tjalling Jacobs Holwerda en syn frou Jantsje Holwerda-Talsma ha der ek noch en tal jierren wenne.
Yn it jier 1914 wie Tjitske Bouwes Dijkma gardenier-eigner fan it hûs, dat doe nûmer
I 138 hie, kadastraal bekend B 720. Troch de jierren hinne binne hûs en kadasternûmers fêst fjouwer of fiif kear feroare en dat jout in soart betizing en is lestich by it ûndersyk. Mei fergelykjende gegevens fan bewenners is der meatal wol út te kommen.
It docht ek bliken dat der mear grûn by hearde, it wie totaal 3 are en 30 ca. grut.
Der is letter ek sprake fan gedeeltlike werbou.
Yn 1892 komme wy Lieuwe Goffes Miedema tsjin as eigner, bewenner, gardenier en keapman. Dêrfoar Kornelis GoffesMiedema, ek keapman yn 1883. Dy hie it hûs, dat no nû. 59 hie, wer oerkocht fan Geertje Hendriks Vlasma, de frou fanYpe Klaazes Vellinga, dêr’t de soan Klaas Ypes Vellinga as gardenier en skipper te boek stiet.
Yn 1837 blykt, dat it hûs, no mei nûmer 45, eigen is oan de wed. fan Hendrik Klaazes Vlasma, Willemke Jans van den Herberg. Dêr wer foar wiene it de erven fan Ulbe van Burmania, dy’t al sûnt 1500 yn Nijewier mear as 6 hûsperselen yn besit en behear hiene.

Sa’t wy yn it begjin al neamd ha is de garaazje neist it hûs it plak west dêr’t somtiden ek mear as twa húshâldings wennen. Yn 1832 hie it perseel B 718 it hûsnûmer 47B en wie Atze Lieuwes Bosch, landbouwer te Marrum Westernijkerk, eigner. Dy A.L.Bosch wenne dêrfoar yn it hûs dêr’t Jan en Fo Walda-Wildschut no wenje en hy stie as keapman te boek. Yn in oergongsakte fan 1823 stiet, dat dit gebou, dêr’t wy it oer hawwe, ‘tot chichoreifabriek gedient hebbende, nu al weer jaren herwaarts tot woonhuis voor twee gezinnen wordt verhuurd’.
Der waarden om 1800 hinne in protte chichoreiwoartels ferboud en ferwurke yn dizze streken. Yn de Napoleantyske tiid wie chichorei  ek in ferfangingsmiddel foar kofje.
It waard baarnd en droege yn de saneamde (ysten) droegerijen. Ek wurdt dit plak en hûs neamd om 1932 hinne, dêr’t de earste ‘afgescheidenen’ fan Nijewier harren gearkomsten hienen,’in de oude yest’. Yn 1855 is Atze Siebes Hoekstra eigner en yn 1973, no nû. I 60, Jan Jans Postma, yn 1879 Jan Ouwes Postma, 1892 Dirk Ouwes Postma.
H. de Vries troud mei Trijntje Joh. De Vries, yn 1823 Jan Wiegers Postma, skipper en Jasper Douwes Minnema, yn 1849 Harm Fokkes Koezema, dy’t troud wie mei Ruurdtje Talsma. Neidat yn 1897 Klaas Wybes Nouta, keapman te Dokkum, eigner wurden wie, is der yn 1919 sprake fan in feroaring, want dan is Marten Klaazes Kloostra gardenier eigner en bewenner. Troch ferbouwings waarden hûs en hiem wer gearfoege, sadat hûs I 60 wer 1 are en 44 ca. grut is. En wêr’t it gerniersbedriuw mei kij op ‘e stâl yn plak fine koe.
Yn 1949 is Jan Klaazes Minnema, dy’t hjir de kij op ‘e stâl hie eigner, letter syn soan Klaas Jans Minnema, dy’t troud wie mei Baukje Zuidema. Doe’t Klaas Minnema in buorkerij yn Ljussens krige waard it hûs ferkocht en wie Goasse Minnema fan ‘e Singel te Nijewier nije eigner. It hûs hat letter noch in skoftsje ferhierd west oan de famylje Helder. Net lang dêrnei ha Pieter en Froukje Braaksma it spul kocht. Nei ferrin fan tiid is it ôfbrutsen en is de no besteande garaazje-berging op dit plak delset. En sa komme de beide ferhalen wer byelkoar wêr’t wy dy begûn binne.

Jan Walda

Copyright © Jan Walda

Bron: Publicatie in “Doarpskrante fan Nijewier – Wetsens”

Kampsteech

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie