De Mearswei

Tusken Nijewier en Mitselwier leit de Mearswei. Hoe komme jo oan de namme Mearswei sa freegje jo je ôf. De namme is ûntliend oan it rewierke it âld Mear dy’t fan de Súd Ie troch it lânskip meänderet. Op âlde kaarten wie der yn it ferline in mar of in leech stik grûn, dat by eb en floed ûnder wetter stie. No noch yn e’ iere maaitiid is it profyl yn it lânskip noch dúdlik te sjen. De wei tusken Nijewier en Mitselwier waard pas yn 1876 oanlein, derfoar wie it in fuotpaad mei in planke oer it Ald Mear. De offisjele wei gyng oer de grientereed en Ropta en oer de saneamde Breede Wegh. De nije ferbiningswei wie in grutte ferbettering foar it ferkear tusken it haadplak Mitslawier en Nijewier. Ek foar de tsjerklike kombinaasjes dy’t al ieuwenlang bestiene wie it in útkomst. Yn 1972 krige de Mearswei har offisjele namme, en ek it Mearsfjild hat har namme hjir oan te tankjen. Lange jierren wie der gjin bebouwing oan de Mearswei. It Aldmear wie ek de skieding tusken de doarpsgebieten fan Mitselwier en Nijewier. Yn earder tiden wie der in buorkerij op it saneamde Poltsje, in ferheging yn it lânskip. It wie in stimhawwende pleats mei it nûmer 11. It is letter ôfbrutsen, en fuortby is it hinne-aaien bedriuw fan Broos en Winter dêr festige. Neidat Ico en Afke Dijkma earst oan de Terpstrjitte yn Nijewier harren nij hûs mei harren aaien bedriuw der hiene is it letter om 1975 hinne oerbrocht nei dit plak wêr’t mear romte wie foar in grutter gehiel.
Yn ‘e njoggentiger jierren hawwe Meint en Marie de Jong-Scheepstra der in nij hûs mei in loads en in kassenkompleks del setten krekt foarby it saneamde bite-opslachplak dat der yn 1975 mei de ruilferkaveling kommen is.
Sa is der in nije bedriuwichheid kommen oan e’ Mearswei mei dy bysûndere namme dy’t histoarysk oan in fier ferline tinken docht. Mar ek in âlde betsjutting hat fan de grins tusken twa doarpsgebieten. De moaie leane fan ipenbeammen binne troch de tiid ferfongen troch de wat sterkere eskenbeammen. Spitich is it dat inkelde minsken koartlyn samar in part jonge beammen omseage hawwe.
De Mearswei mei har prachtige leane fan beammen is in sieraad yn it lânskip op e’ klaai. Lit ús der mei-inoar noed foar stean dit yn stân te hâlden. Wêrby bedriuwichheid fan sport en bedriuwsaktiviteiten yn it gehiel net steurend hoege te wêzen.

Jan Walda

Copyright © Jan Walda

Bron: Publicatie in “Doarpskrante fan Nijewier – Wetsens”

Mearswei