Fluchtelingen feest in het Hokje
Bêste manlju en froulju, jonkjes en famkes. Sneon 2 april is it wer safier, in hagelnij temafeest yn it Hokje te Nijewier. Sa as jim faaks witte is dizze tiid, om de Peaske hinne, in tiid fan besinning, in tiid wêryn jo de wrâld troch jo eigen finster observearje en in balâns opmeitsje fan it goeie en it kweade. De wrâldproblematyk giet ek de jongerein fan it Hokje oan it hert en dêrom ha wy diskear keazen foar in aktueel tema. Sa at jo yn de fêsteltiid (vastentijd) neitinke oer it lijen fan oeren en jo josels efkes werom roppe nei de basis fan it bestean, sa wolle wy ek stil stean by de minsken dy’t it gâns minder ha en ússels werom roppe nei de basis fan it bestean: mei elkoar in moaie gesellige tiid ha, want hoe min at it ek giet, jo ha altiid elkoar noch!
It nije tema is dêrom ek: fluchtelingen. Wy hoopje dat eltsenien, by wize fan stipe, gepaste klean oanlûkt en faaks ek wat attributen meinimt om it gehiel sa echt moochlik te meitsjen.
Wy sjogge der nei út om jim allegear te sjen op sneon 2 april 2016 rûn in oer as 20:00 yn t Hokje. Wy begjinne op ‘e tiid en sette moai lang troch sadat jim yn elts gefal sneintemoarn in idee ha fan hoe min at minsken har op oare plakken op de wrâld fiele kinne. Oant dan! Ahoi!
Plaats een Reactie
Meepraten?Draag gerust bij!