Iepenloftspul Mitselwier : Foarby it Boarkumer fjoer

Wanneer:
8 september 2016 @ 19:00
2016-09-08T19:00:00+02:00
2016-09-08T19:30:00+02:00
Waar:
Stinzeterrein
Master fan Loanstrjitte
9123 Metslawier
Nederland
Kosten:
15
Contact:

foarby it boarkumer fjoerFoarby it Boarkumer fjoer

Iepenloftspul skreaun troch Baukje van Hijum
nei it it boek fan Durk van der Ploeg.
It tredde iepenloftspul fan Mitselwier giet oer
de skiednis fan de doarpen Peazens en Moddergat.
It is de striid fan de fiskers en boeren om it bestean.
Boeredochter Swaan is troud mei de fisker Rimmer Vaderloos.
Botte, soan fan Swaan sjocht Rimmer as syn heit.
Hy moat in keuze meitsje om krekt as Rimmer fisker te wurden of nei de
pleats fan pake om fierder te gean as boer.
Syn earste seereis falt net ta, hy kin der wol fan spuie. Mar hy set troch,
seker as Rimmer in boat bouwe lit.
Dy boat is grutter en kin better konkurrearje mei de Dútske fiskersboaten.
Mar in swiere stoarm yn 1883 is ek de nije boat net tsjin bestân.
In protte fiskers ferlieze harren libben.
De minsken yn Peazens en Moddergat bliuwe fol twifel achter.
Wat moatte de jonge manlju no dwaan? Botte hat mar ien doel,
hy wol fiskerman bliuwe en docht dêr alles foar.
Mar syn freondinne hat oare plannen, wa lûkt der oan it langste ein.
Hoe komt it mei de fiskerij en wat bliuwt der oer fan de buorkerij?
Hoe hâlde de minsken  de holle boppe wetter?
Binne der noch idealen dy’t útkomme?

0 antwoorden

Plaats een Reactie

Meepraten?
Draag gerust bij!

Geef een reactie