Iepenloftspul Mitselwier siket…….
Mitselwier/Moddergat
.
Ôfrune sneontemoarn is Stichting Iepenloftspul Mitselwier útein set mei de taridings nei harren tredde iepenloftspul, troch it oerlangje fan it skript “Foarby it Boarkumer fjoer “ skreaun troch Baukje van Hijum, nei it boek fan Durk van der Ploeg.
De Fiskershûskes yn Moddergat wie hjirby een tapaslike lokaasje omt it ferhaal – de ramp mei de fiskersfloat yn 1883 – sich gruttendiels ôfspylit yn dizze omjouwing.
Durk van der Ploeg en Baukje van Hijum krigen it skript – ferpakt yn een moai boekwurk – oanbean troch de foarsitter fan de Stichting: Ruurd Verbeek.
De útfieringen sille plakfine takomme jier septimber op it ‘Stinzeterrein’ , oan de Master fan loanstrjitte yn Mitselwier. De datums binne – ûnder foarbehâld – op 8,9,10,15,16 en 17 septimber 2016.
Oankommende woansdei 18 novimber sil dêr een ynformaasje-audysjejun hâlden wurde yn de grutte seal fan Soarchsintrum “De Skûle “!
By dizzen dan ek een oprop oan spilers, figueranten en fierdere nijsgjirrichen om allegearre nei Mitselwier te kommen.
.
Eltsenien is wolkom fanôf 19.30 oere.
.
.
Bestjoer Stichting Iepenloftspul Mitslwier
Plaats een Reactie
Meepraten?Draag gerust bij!